Dave Mustaine
David Scott Mustaine (La Mesa, 13 septimber 1961) is in Amerikaansk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de oprjochter fan Megadeth.
Dave Mustaine | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Dave Mustaine yn 2022 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Scott Mustaine | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 septimber 1961 | |
berteplak | La Mesa | |
wurkpaad | ||
sjenre | Metal | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
jierren aktyf | 1978 - No |
Karriêre
bewurkje seksjePanic
bewurkje seksjePanic wie de earste band fan Mustaine. Mar nei it twadde optreden fan band rekken hja belútsen by in auto-ûngelok sawol de drummer en in lûdsman kamen hjirby om it libben. Dit wie it ein fan Mustaine syn earste band.
Metallica (1981-1983)
bewurkje seksjeDave Mustaine wie yn 1981 de orzjinele gitarist fan Metallica. Mustaine had mei Metallica yn 1982 de demo No Life 'til Leather opnaam. Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill 'Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Mustaine is al ien fan de skriuwers fan in tal Metallica nûmers op de earste twa albums fan Metallica. Bekende nûmers op it albums fan Metallica dy't Mustaine mei-skreaun hat, binne Jump in the Fire, Phantom Lord, Metal Militia, The Four Horsemen en Ride the Lightning.
Megadeth
bewurkje seksjeAs reaksje op syn ûntslach rjochte Mustaine yn de simmer fan 1983 de band Megadeth op. Yn 1985 kaam it debútalbum Killing Is My Business... and Business Is Good! út. Mei Megadeth hat Mustaine yntusken fyftjin studioalbums en seis live-albums útbrocht.
Priveelibben
bewurkje seksjeMustaine waard berne yn La Mesa, Kalifornje, Amearika, as de tredde yn in gesin fan trije, syn heit hie in jierrenlang drankprobleem en syn alden giene dêrtroch ek út inoar doe't Dave fjouwer jier âld wie. Ek Dave Mustaine had problemen mei ferslavingen neffens eigen sizzen had er mear as santjin kear opnaam west yn in ôfkicksintra. Mustaine boaske yn 1991 mei Pamela Anne Casselberry mei har hat er twa bêrn. Dave Mustaine waard grutbrocht as Jehova's Tsjûge, tsjintwurdich is er in oertsjoege Wederberte Kristen, dit had grutte ynfloed op syn priveelibben mar ek op syn band Megadeth.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Killing Is My Business... and Business Is Good! |
12 juny 1985 | Megadeth | |
Peace Sells... but Who's Buying? |
19 septimber 1986 | Peace Sells, Wake Up Dead | |
So Far, So Good... So What! |
19 jannewaris 1988 | Anarchy in the U.K., Mary Jane | |
Rust in Peace | 24 septimber 1990 | Holy Wars... The Punishment Due, Hangar 18 | |
Countdown to Extinction | 14 july 1992 | Symphony of Destruction, Foreclosure of a Dream, Sweating Bullets, Skin o' My Teeth | |
Youthanasia | 31 oktober 1994 | Train of Consequences, A Tout le Monde | |
The Craving | 23 july 1996 | MD.45 | |
Cryptic Writings | 17 juny 1997 | Megadeth | Trust, Almost Honest, Use the Man, A Secret Place |
Risk | 31 augustus 1999 | Crush 'Em, Breadline, Insomnia | |
The World Needs a Hero | 15 maaie 2001 | Moto Psycho, Dread and the Fugitive Mind | |
The System Has Failed | 14 septimber 2004 | Die Dead Enough, Of Mice and Men, The Scorpion | |
United Abominations | 15 maaie 2007 | À Tout le Monde (Set Me Free) | |
Endgame | 15 septimber 2009 | Head Crusher, The Right to Go Insane | |
Thirteen | 1 novimber 2011 | Sudden Death, Public Enemy No. 1, Whose Life (Is It Anyways?) | |
Super Collider | 4 juny 2013 | Super Collider | |
Dystopia | 22 jannewaris 2016 | Fatal Illusion, The Threat Is Real | |
The Sick, the Dying... and the Dead | 2022 |
As gastmuzikant
bewurkje seksjeSingle(s) | Album | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|---|
License to Kill, Chain Gang Woman |
License to Kill | 1987 | Malice |
Truckin' | Death and Progress | 1993 | Diamond Head |
White Rabbit (Jefferson Airplane cover) | Refuge Denied | 1988 | Sanctuary |