David LaChapelle (Konnektikut, 11 maart 1963) is in Amerikaansk fotograaf en regisseur.

David LaChapelle
keunstner
David LaChapelle yn 2011
David LaChapelle yn 2011
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amearikaansk
berne 11 maart 1963
berteplak Hartford (Konettikut)
wurkpaad
wurksum as Fotograaf, fideoregisseur, filmregisseur
medium Fotografy, fideo, film
offisjele webside
lachapellestudio.com

LaChapelle is foaral bekend om syn fotografy, dy't faak ferwiisd nei temas út de keunstskiednis en somtiids in sosjale boadskip oerbringe wol. Syn fotografyske styl is beskreaun as "hyper-realistysk en slûchslim subversyf" en as "kitcherich pop surrealisme". Wol de 'Fellini fan de fotografy' neamd, hat LaChapelle meidien oan ynternasjonale publikaasjes en hat er syn wurk útstald yn kommersjele galerys en ynstellingen ynde hiele wrâld.

LaChapelle folge de Carolina School of the North Arts en de School of the Arts yn New York. Syn earste profesjonele opdracht as fotograaf wie foar Ynterview magazine, in kâns dy't er oanbean krige troch Andy Warhol. Syn wurken binne útjûn yn fjouwer boeken, LaChapelle Land, Hotel LaChapelle en Heaven to Hell, en befetsje beide sterke en bizarre portretten fan ferneamde lju. Yn 2006 waard Artists and Prostitutes útbrocht, in boek mei it hiele oeuvre fan LaChapelle. Dat boek kaam út yn in beheinde oplage.

Syn earste film Rize, in dokumintêre oer it dûnsfenomeen krumping hie syn premjêre by it Sundance Film Festival yn 2005 en waard yn deselde simmer útbrocht yn 'e bioskopen. Ek regissearre er in advertinsje foar H & M's nije denimkolleksje; dy commercial wie basearre op it ferhaal fan Romeo en Julia.

Muzykfideo's

bewurkje seksje

Fideoregisseur fan de neifolgjende klips:

1997

1999

  • Kelis - "Good Stuff"
  • Moby - "Natural Blues"

2000

2001

2002

2003

2004

2005

2006

2007

2012

  • Florence and the machine - Spectrum
  • Krumped (2004)
  • Rize (2005)
  • Unity (2015) - Ferteller
  • LaChapelle Land - 1996
  • Hotel LaChapelle - 1999
  • Artists and Prostitutes - 2006 (beheinde oplage)
  • Heaven to Hell - 2006
  • Photographer of the Year Award by de VH1 Fashion Awards
  • Ien fan de Ten Most Important People in Photography yn de wrâld neffens American Photo