De Bente is in nôtmûne yn it Drintske doarp Dalen yn 'e gemeente Coevorden.

De Bente
bouwurk
De mûne yn 2021
De mûne yn 2021
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Dalen
adres De Bente 25
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1814
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 44563 [1]
offisjele webside
Side Doarpstsjerke Dalen

De mûne waard yn 1814 boud en ferfong in yn 1813 troch besjittings fan Frânsen ôfbaarnde standermûne. Oant 1944 bleau de mûne wurkjen, dêrnei rekke de mûne yn ferfal.

De Bente yn de jierren 1970 foar de restauraasje

De doedestiidske gemeente Dalen kocht de mûne oan en yn 1976 krige de yntusken ta in piperbus redusearre mûne wer in nije kape mei in wjukkenkrús en in stelling. It duorre lykwols noch oant de jierren 1990 ear't de mûne mealwurk krige, dat ôfkomstich wie fan in mûne út it Dútske Aurich. Yn 1994 wie de mûne wer foar it earst mealfeardich. Sûnt wie de mûne in produksjemûne, dy't trijeris yn 'e wike moal op wynkrêft mealle. De mûnder, âld-ûnderwizer Hans Petit, ferkocht it moal foar it measte yn de mûne, mar hold op 23 desimber 2018 op mei syn ambachtlik bedriuw.

It Drintske Gea hat de mûne doe tagelyk mei de Jantina Helling fan Aalden oernommen fan de gemeente.[2] Dy organisaasje hâldt de mûne mei frijwilligers oan it wurk.

Dalen hat oan de oare kant fan it doarp in noch heere nôtmûne, de museummûne Jan Pol.

De Bente is in achtkante stellingmûne mei in reitdutsen boppebou. De âldhollânske wjukken hawwe in flecht fan 22 meter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: