De Bining (Haulerwyk)

(Trochferwiisd fan De Bining (Haulwerwyk))

De Bining oan de Tsjerkestrjitte yn Haulerwyk is ien fan de twa tsjerken fan de Protestantske gemeente Haulerwyk-Waskemar. De oare tsjerke is de eardere grifformearde tsjerke, De Oerdracht, mar dy waard nei de tsjerkefúzje oerstallich en wurdt tsjintwurdich (2023) hierd troch de Evangelyske gemeente Roderesch-Haulerwyk.[1]

De Bining
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Haulerwyk
adres Tsjerkestrjitte 13
koördinaten 53° 03' N 6° 19' E
Arsjitektuer
boujier 1852
monumintale status gemeentlik monumint
Webside
Protestanske gemeente Haulerwyk-Waskemar
Kaart
De Bining (Fryslân)
De Bining

Tsjerklik foel Haulerwyk eartiids ûnder Haule-Donkerbroek. De earste stien foar de herfoarme tsjerke waard op 30 april 1853 lein. Op 9 jannewaris 1853 waard de tsjerke yn gebrûk nommen. It geveltuorke waard yn 1867 tafoege.

De bekende CHU-politikus en lettere minister Slotemaker de Bruïne hat fan 1894 oant 1916 dûmny west yn de herfoarme gemeente fan Haulerwyk.[2]

Op 10 jannewaris 2010 fusearre de herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente ta de PKN-gemeente fan Haulerwyk-Waskemar.[3]

It earste oargel yn de tsjerke wie in Dútsk harmoanium út 1899 fan oargelmakker Schiedmaijer út Stuttgart. Yn 1903 waard it ferfongen troch in Frânsk Serafine-oargel. It hjoeddeiske piipoargel waard boud troch A.S.J. Dekker út Goes. It Grinslânske oargelbedriuw Mense Ruiter restaurearre it yn 1989.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: