De Eendracht (Gieterveen)
De Eendracht is in nôtmûne yn it Drintske doarp Giterfean.
De Iendracht
De Eendracht | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Giterfean | |
adres | Broek 62 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1904 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 16132 [1] | |
offisjele webside | ||
Side De Eendracht |
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard oarspronklik yn 1877 boud as achtkante boppekruier. Dêrby waard materjaal brûkt fan in ôfbrutsen mûne út Nij-Buinen. Nei in brân yn 1904 waard de eardere achtkante houten boppebou ferfongen troch in rûne boppebou. Sûnt 1905 wie de mûne eigendom fan de famylje Mulder, dy't de mûne noch lang yn gebrûk hold.
Nei de iuwwikseling rekke de mûne yn it neigean en nei syn dea yn 2004 liet Johannes Mulder de mûne nei oan de Mûnestifting Drinte, dy't de mûne yn 2005 restaurearre en mealfeardich makke. Yn 2007 fûn in gruttere restauraasje plak en waard de stiennen ûnderbou fernijd en it binnenwurk en de kape renovearre. By de restauraasje krige ien fan de roeden selsswichting; de oare roede hat in âld-hollânsk wjuksysteem. Yn 2008 wie de restauraasje foltôge.
Sûnt de restauraasje is it Drintske Gea eigner fan de mûne en ek de byhearrende gebouwen binne harren eigendoma. Frijwillige mounders hâlde De Eendracht draaiend.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Eendracht is in op in stiennen achtkant steande rûne bakstiennen stellingmûne fan fiif ferdjippings mei in fiif meter hege stelling. De roeden hawwe in flecht fan 19,25 meter. De binnenroede hat selsswichting, wylst de oare roede âld-hollânsk hekwurk hat. De as is fan smei-izer en getten troch De Muinck Keizer út Martenshoek. Boppe yn de mûne binne twa koppel mealstiennen dy't op wynkrêft wurkje. It mealwurk ûnder op de flier hat in elektryske oandriuwing.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|