De Fiskers
De Fiskers, yn it oarspronklike Deensk: Fiskerne, is in roman fan 'e hân fan 'e Deenske skriuwer, essayist, sjoernalist en kommunist, Hans Kirk (1898-1962). It wie de earste Deenske kollektive roman, dy't ta de streaming fan it sosjaal reälisme heart, en it beskriuwt de solidariteit, mar ek de konflikten fan in groep religieus oanleine fiskers. Fiskerne waard foar it earst publisearre yn 1928. Kirk wie der net gau tefreden mei, en eide it acht kear oer foar't er it úteinlik publisearre. Fiskerne waard daliks rûnom priizge, en waard it bêst ferkeapjende literêre boek aller tiden yn 'e Deenske taal, dat neitiid alve kear oerset is. Yn 1977 waard it ferfilme ta in yn totaal seis oeren duorjende searje, dy't útstjoerd waard op 'e Deenske tillefyzje. De Fryske oersetting, fan Gerryt Dykstra, ferskynde yn 1965.
De Fiskers | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Fiskerne | |
auteur | Hans Kirk | |
taal | Deensk | |
foarm | roman | |
sjenre | kollektive roman | |
1e publikaasje | 1928, Kopenhagen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Fiskers | |
publikaasje | 1965, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Miedema | |
oersetter | Gerryt Dykstra |
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Fiskers ferhellet oer in groep fiskers yn 'e jierren tweintich, dy't leden binne fan 'e Indre Mission ("Ynderlike Missy"), in puriteinske, revivalistyske beweging fan fromme kristenen. Hja hawwe harren oarspronklike wenten oan 'e Jutske westkust ûntflechtsje moatten en sette harren no nei wenjen yn in fiskersdoarpke yn Noard-Jutlân. Dêr komme se troch harren leauwe geregeldwei yn konflikt mei de oarspronklike doarpelingen, dat frijsinnige oanhingers fan 'e spirituële Deensk-nasjonale filosofy fan N.F.S. Grundtvig binne.
It slagget de fiskers lykwols om harren religieus boadskip út te dragen oan guon fan 'e Grundtvigianen, wylst oaren ferdreaun wurde. Kirk beskriuwt hoe't de leden fan 'e Ynderlike Missy har oanpasse oan 'e natuerlike omstannichheden fan har nije wenplak en wrakselje mei ekonomyske malêze en persoanlike swierrichheden, wylst se allegeduerigen oanhâlde mei te fertrouwen dat alles dat foarfalt de wil fan God is. Hoewol't Kirk sels in ateïst wie, woed er mei it skriuwen fan De Fiskers sjen litte hoe't doedestiden yn it libben op it plattelân leauwe, ekonomy en polityk ûnferbreklik mei-inoar ferbûn wiene. Hy besocht om 'e fûnemintalistyske kristlike bewegings, dy't yn syn jonkheid sa'n grutte oanhing hiene op it Deenske plattelân, te begripen ynstee fan har te feroardieljen, troch te ûndersykjen hoe't se sûnder polityk ramt harren sosjaal-ekonomyske omstannichheden útleine.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeFiskerne waard yn 1965 ûnder de titel De Fiskers yn it Frysk oerset troch Gerryt Dykstra (1879-1973), fan berop learaar Dútsk, dy't ek ferantwurdlik wie foar it ferfryskjen fan û.m. de Aldiislânske Gunnlaugssêge. De 344 siden tellende fertaling fan Fiskerne waard útbrocht by Utjowerij Miedema te Ljouwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Henvisninger, op dizze side. |