Gerrit Dijkstra

(Trochferwiisd fan Gerryt Dykstra)

Gerrit Dijkstra of Gerryt Dykstra (Britswert, 3 desimber 1897Lochem, 13 maaie 1973), wie in frisist en oant 1963 learaar Dútsk oan 'e gymnasia fan Ljouwert en Snits. In bekend learling fan Dijkstra wie Cees Andriesse.

Gerrit Dijkstra
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 3 desimber 1897
berteplak Britswert (Fryslân)
stoarn 13 maaie 1973
stjerplak Lochem (Gelderlân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar Dútsk
aktyf as oersetter
jierren aktyf 19521972
reden
  bekendheid
syn oersettings nei it Frysk
   fan Skandinavyske literatuer
bekendste
  wurk(en)
De Dominy fan Vejlby
De Gunnlaugssaga

Dijkstra promovearre yn 1946 op in Fryske dissertaasje oer libben en wurk fan Eeltsje Halbertsma en sette út it Yslânsk en it Deensk oer, nammentlik de Gunnlaugssêge en wurk fan Blicher, Kirk en Heinesen. Syn Skandinavyske bibleteek waard ûnderbrocht yn 'e Provinsjale Bibleteek te Ljouwert. Syn frou Welmoed Dijkstra-Talsma fersoarge fan 1931 oant 1952 de bernerubryk fan 'e Ljouwerter Krante ûnder de namme Muoike Wike.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9 07 00 10 526, s. 150.