De Heining is in gemaal westlik fan Marrum. It gemaal waard yn novimber 2018 offisjeel iepene en op 14 maart 2019 yn gebrûk steld.[1] It gemaal soarget foar in bettere ôffier fan wetter as it eazget. As de wetterstân yn 'e polder te heech wurdt giet it gemaal automatysk oan. Ek as it Hooglandsgemaal yn Starum op folle kapasiteit wurket giet it gemaal automatysk oan. Troch de ferbining tusken sâlt en swiet wetter ûntstie in unyk bûtendyksk lânskip foar fûgels en planten.

Gemaal De Heining

Mei de bou waard yn april 2017 útein set. It wie in gearwurkingsprojekt fan de provinsje Fryslân, It Fryske Gea, de doetiidske gemeente Ferwerderadiel en it Wetterskip Fryslân. It jild foar it projekt kaam foar in grut part út it Waadfûns en it Europeeske Lânboufûns foar Plattelânsûntwikkeling. Oannimmer Jansma út Drachten fierde de bou út. De kosten wiene mei-inoar 13 miljoen euro.[2]

 
Bûtendyks by de Heining

Underdiel fan it projekt wie de oanlis fan in ôfwetteringskanaal nei it bûtendykske natoergebiet Noarderleech yn it Noard-Fryslân Bûtendyks, dat yn behear is by it Fryske Gea. It gemaal wetteret ôf yn de Waadsee en krige in fiskpassaazje foar glêsieltsjes, bot, spjirrings en toarnfiskjes. De fisktrep hâldt it wetter tsjin dat nei de Waadsee werom rinne wol. Sa bliuwt yn in grut part fan de ril genôch wetter stean en hawwe de fiskjes mear tiid om nei it gemaal te swimmen.

By it setten fan de pomp yn 2018 wie it de grutste fiskfreonlike fizelpompe fan Nederlân. Hy waacht likernôch acht ton en is makke troch Hidrostal. It gemaal kin 252 m3 wetter yn de minút ôffiere en hat twa fizels, ien foar de polder en de oare foar de Fryske boezem.[3]

De Heining wie eartiids de namme fan in streekje hûzen tusken Marrum en Nijebiltsyl, dêr't de seedyk in trijesprong hat en ien takke rjochting de buorskip Fiifhûzen giet. De namme ferwiist nei in rige peallen, in ôfskieding, om in dykfak ôf te skieden.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: