De Hoanne is in monumint ta oantins oan de Twadde Wrâldoarloch yn Tsjalhuzum. It monumint stie earst in eintsje bûten Folsgeare oan de Rykswei 43 (no de A7). Fanwegen in ferdûbeling fan de dyk moast it yn 1972 ferset wurde en waard it opnij oprjochte by Tsjalhuzum.

De Hoanne

It monumint bestiet út in tsien meter hege bakstiennen pylder, bekroand mei in brûnzen byld fan in hoanne. De hoanne waard makke troch byldhouwer Willem Valk. It bist stiet yn in gefjochtshâlding, as symboal fan "de driuw nei frijheid fan it Nederlânske folk en syn reewilligens om dy frijheid tsjin elke priis te ferdigenjen".[1]

By de ûntbleating op 5 septimber 1951 wiene ûnder oaren Frederik Tjaberings, boargemaster fan Wymbritseradiel, de widdo fan de yn de oarloch omkommen boargemaster Van Haersma Buma en kolonel Fiedeldy, kommandant fan de Fleanbasis Ljouwert. Kommissaris fan de Keninginne Linthorst Homan ûntbleate it monumint troch in doek fuort te nimmen, wêrnei't in plakette yn de pylder sichtber waard. Op de plakette stiet it gemeentewapen fan Wymbritseradiel ôfbylde mei dêrûnder de tekst

1940-1945
De fûle striid,
tsjin fijâns wrede hân,
brocht ús in nije dei
foar folk en lân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ramaker, W. en Bohemen, B. van (1980) Sta een ogenblik stil... Monumentenboek 1940/1945. Kampen: Utjouersmaatskippij J.H. Kok
  • De Hoanne, www.4en5mei.nl