De Hoekstien (Nijemardum)
De Hoekstien yn Nijemardum, gemeente De Fryske Marren is ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente Aldemardum-Nijemardum-Sondel.
De Hoekstien | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Nijemardum | |
adres | Lyklamawei 11 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1898 | |
monumintale status | gjin | |
offisjele webside | ||
Webstee PKN-gemeente |
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1898 boud as 'Grifformearde Tsjerke fan Nijemardum, Aldemardum en Sondel'.
Doe't dûmny Geelkerken him nei eardere konflikten yn 1926 fersette tsjin de synodale útspraak fan de Grifformearde Synoade oer hoe't de sûndefal útlein wurde moast, waard hy mei in tal oare dûmny's tydlik út it amt set en ôfset. Yn dy tiid keas de grifformearde dûmny fan Nijemirdum tsjin it sin fan in mearderheid fan de gemeente al te dúdlik de kant fan Geelkerken en liet dat ek fernimme yn 'e preek, yn 't gebed of troch stikken yn kranten te skriuwen. It slagge de gemeente net om de dûmny wer yn it gareel fan de synoade te krijen en tegearre mei in âlderling waard er op in gearkomste fan 26 novimber 1926 foar trije moanne út it amt set. It late ta in grutte skuorring yn de gemeente, dy't dwers troch famyljes hinne rûn en de grifformearden ferdielde tusken "gielen" en "swarten". De "gielen", 235 sielen, fûnen ûnderdak yn de "Grifformearde Tsjerken yn Hersteld Ferbân"; hja krigen harren tsjerke yn de eardere iepenbiere skoalle oan de Lyklamawei 34, wylst de "swarten" de grifformearde tsjerke holden. Yn 1967 gyng dat tsjerkegenoatskip oer yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke.
De skuorring hie ek grutte gefolgen foar it grifformearde ferieningslibben fan Nijemardum. Sels de kristlike skoalle krige lêst fan de skuorring, doe't yn 1928 it nije haad fan de skoalle beneamd waard. It die bliken dat er by de "gielen hearde en in soad hûshâldings lieten fan argewaasje de bern fan skoalle helje om har nei de kristlike skoalle fan Sondel te stjoeren, dêr't in grifformeard haad stie.[1]
Nei in tiid fan 'Samen-op-Weg' fusearre de herfoarme gemeente fan Aldemirdum, Nijemirdum en Sondel op 1 jannewaris 2007 mei de Grifformearde Tsjerke fan Nijemardum. It herfoarme tsjerkegebou waard ferkocht en is ferboud ta wente. Yn 2018 is it âlde ynterieur fan de grifformearde tsjerke by in ferbouwing ferfongen troch in nij ynterieur.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard yn 1923 troch Bakker & Timmenga boud. Dêrby brûkte de oargelbouwer âldere pipen fan in Kruse-oargel út 1896, dat earder yn de herfoarme tsjerke fan Midslân stie. Bakker & Timmenga wreide it oargel yn 1943 út mei in Subbas 16' op it pedaal. Yn 1956 folge in feroaring en útwreiding troch de firma Reil. It oargel waard yn de jierren 1986-1987 restaurearre.
Oare tsjerken fan de PKN gemeente
bewurkje seksjeDe oare tsjerken fan de PKN-gemeente binne:
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|