De Hoelm
De Hoelm is in buorskip yn de gemeente Hollâns Kroan yn Noard-Hollân. Oant 31 desimber 2011 hearde De Hoelm ta de gemeente Wieringen, dy't op 1 jannewaris 2012 opgong yn de gemeente Hollânsk Kroan.
De Hoelm wurdt ek as Den Hoelm skreaun. De Hoelm hat altyd in lyts west, it tal huzen skommelet altiten tusken de 3 en 8.
De Hoelm leit krekt besuden Westerklyf, op de râne fan it eardere eilân Wieringen en is it start- of einpunt fan de om 1600 hinne boude Alde Seedyk. De dyk is 8 kilometer lang en rint nei de buorskip De Elft. De Alde seedyk wurdt ek wol de Wierdyk neamd omdat de seedyk fersterke is mei in wâl fan seegers. De dyk is û.o. in kultuerhistoarysk monumint troch de plantesoarten dy't op en lâns de dyk groeie. De dyk is allinnich by De Hoelm te besichtigjen, by De Elft stiet allinnich op it begjin/einpunt in ynformaasjeboerd.
Krekt benoarden De Hoelm leit in lytse polder, de Hoelmerkooch. Yn dy polder is noch in âlde 17e-iuwse einekoai.