De Holder (bernetydskrift)
- Net te betiizjen mei De Holder (literêr tydskrift), in moanneblêd dat ferskynde tusken 1926-1929.
De Holder wie in bernetydskrift dat tusken 1992-1998 útjûn waard troch it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding.
It blêd wie bedoeld foar learlingen fan it basisûnderwiis. Foar it fuortset ûnderwiis wie der it magazine Sjedêrrr!!! Sûnt 1994 wurke De Holder gear mei Frysk & Frij en de jongereinblêden 'Sjedêrrr!!!' en 'Skytmerakels'.[1] Meiwurkers oan De Holder wiene ûnder oare Jaap Wolthuizen, Willem Tjerkstra en de Boalserter skriuwster Giny Bastiaans. [2][3] De útjefte waard subsidearre troch de provinsje Fryslân mei f 25.000 jiers.[4]
De Holder ferwiisde mei syn titel nei it ynsekt holder (Nederlânsk: hommel) dat symboal stie foar befruchting en krúsbestowing.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|