Sjedêrrr!!! wie in learlingetydskrift dat útjûn waard troch it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding.

It moanneblêd wie ornearre foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis en koe yn de basisfoarming as learmiddel brûkt wurde. Foar learlingen fan de basisskoalle bestie it magazine De Holder. Sûnt 1994 wurke Sjedêrrr gear mei Frysk & Frij en De Holder.[1] Yn it blêd stie it stripferhaal ‘Skobber d’ Bonk’.[2] Meiwurkers oan Sjedêrrr wiene ûnder oare Jaap Wolthuizen, Willem Tjerkstra en de Boalserter skriuwster Giny Bastiaans. [3][4] De útjefte waard subsidearre troch de provinsje Fryslân mei f 25.000 jiers.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ljouwerter Krante, 25 novimber 1993
  2. ‘Tsjam kin de Fryske stripwrâld feroarje’, troch Henk van der Veer
  3. Webside Tresoar
  4. Webside Tresoar
  5. Ljouwerter Krante, 15 novimber 1993