Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding
It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding (MSU) wie in organisaasje yn Fryslân dy’t him dwaande hâlde mei it stypjen fan ûnderwiis. De organisaasje bestie fan 1971 oant 1998.[1] It MSU is letter opgien yn it Cedin.
It MSU wie ferantwurdlik foar it ûntwikkeljen fan ûnderwiismateriaal foar skoallen yn Fryslân. Sa waard ferwurkingsmateriaal brûkt by de Fryske Skoalleradio en de útstjoerings fan Teleboerd. 'Teleboerd damjen' wie ien fan de ûnderwerpen dy ’t troch it MSU behannele waarden. It MSU spile in wichtige rol by it stypjen fan ûnderwiis en kultuer yn it Fryske taalgebiet. [2] Meiwurkers wiene ûnder oaren Jelle Bangma en Willem Tjerkstra.
‘De Holder’ wie it tydskrift fan it MSU.[3]
Lourens van der Ley
bewurkje seksjeLourens van der Ley út Ketlik wie yn 1971 stifter en earste direkteur fan it 'Gemeenschappelijk Centrum voor Onderwijsbegeleiding' yn Fryslân. [4] It haadburo fan it MSU wie fêstige yn 'De Hege Wier' oan de Sixmastrjitte yn Ljouwert. It sintrum hie in bykantoar yn Warkum.