De Hoop (Haren)

De Hoop is in nôt- en oaljemûne yn it Grinslânske plak Haren. De mûne is in rûne stiennen boppekruier mei stelling út 1839.

De Hoop
bouwurk
Nôt- en oaljemûne 'De Hoop', Haren (Grinslân).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
plak Haren vlag.svg Haren
adres Rijksstraatweg 139
bysûnderheden
type bouwurk Nôt- en oaljemûne
boujier 1839
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 20274 [1]
offisjele webside
Stifting 'Molen De Hoop'

SkiednisBewurkje

Foarhinne waard altiten tocht dat de mûne yn 1843 boud waard as oaljemûne en letter as nôtmûne ynrjochte waard. Ut histoarysk ûndersyk hat lykwols bliken dien dat de mûne yn 1839 as nôtmûne boud waard en pas dêrnei as oaljemûne ynrjochte waard.

De mûne waard yn 1960 en 1975 restaurearre, mar rekke neitiid likegoed dochs wer brekfallich. Yn 2006 droech de lêste partikuliere eigner de mûne oer oan in stifting, dy't de mûne op 'e nij restaurearje liet. Yn 2010 wie de mûne wer hielendal mealfeardich as nôtmûne.

De wjukken fan de mûne hawwe selsswichting en binne útrist mei it Van Busselsysteem.

Mei de oangrinzgjende bebouwing is ek de mûne in ryksmonumint. Yn de bebouwing is in spesjaalsaak foar bisten ûnderbrocht.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: