De Juffer (Gasselternijveen)

De Juffer is in nôtmûne yn Gasselternijfean yn de Drintske gemeente Aa en Hunze.

De Juffer
bouwurk
Nôtmûne 'De Juffer', Gasselternijfean.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
plak Gasselternijfean
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1970
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 46615 [1]

SkiednisBewurkje

De mûne waard oarspronklik yn 1841 yn it doarp boud, mar dêr yn 1963 ôfbrutsen, wêrnei't in soad oarspronklike ûnderdielen ferlern gyngen. Mei de stiennen fan de âlde mûne en ûnderdielen fan oare ôfbrutsen mûnen út Noard-Nederlân waard tusken 1968 en 1971 de mûne bûten it doarp oan de Hunze wer opboud.

Troch in rekkenfout is de mûne noch smeller woarn dan de oarspronklike mûne. De binnenmaten fan de âlde mûne binne brûkt foar de bûtenmaten fan de nije mûne.

De mûne hat ien koppel mealstiennen en frijwillige mûnders sette De Juffer regelmjittich oan it draaien. Sûnt 1985 is de mûne in ryksmonumint. De mûne hat jierrenlang ek tsjinst dien as troulokaasje.

BeskriuwingBewurkje

De Juffer is in rûne stellingmûne, werfan't de stelling 6,20 meter heech is. De mûne is mealfeardich en hat in flecht fan 19,80 meter. De wjukkenfoarm is âld-hollânsk en der binne fierder gjin ferbetterings yn it wjuksysteem oanbrocht.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: