De Koperjitter
De Koperjitter is in keunstwurk fan Annet Haring dat by Museum De Jouwer stiet.
De Koperjitter | ||
keunstwurk | ||
De Koperjitter | ||
bysûnderheden | ||
jier | 1979 | |
keunstner | Annet Haring | |
materiaal | brûns op in sokkel fan bakstien | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | Museum De Jouwer oan de Gieljitterstrjitte |
It figurative wurk ferwiist nei it berop fan koperjitter. Der wennen yn de njoggentjinde ieu in soad koperjitters op De Jouwer. Net fier fan it gebou by it byld stiet de eardere Gieljitterij Keverling. Dy jitterij fan gielkoper is ek ûnderdiel fan Museum De Jouwer. It byld wie bedoeld as ûnderdiel fan in byldenrûte fan fjirtjin ferbylde âld-Jouster beroppen. De Koperjitter krige tydlik in plak yn de hal fan it gemeentehûs. Letter kaam it byld by it destiidske Johannes Hesselhûs (no Museum De Jouwer) te stean yn it plantsoen oan de Sinnebuorren / Gieljitterstrjitte. Neidat de jitleppel fan it byld ôfbrutsen wie troch fandalisme, krige it byld in plak yn de museumtún dy't jûns ôfsluten wurde kin.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |