Annet Haring
Annet Haring (Hoarn, 1934) is in Nederlânsk keunstner.[1]
Haring hat har oplieding hân oan de keunstakademy yn Amsterdam (Rietveldakademy) net ôfmakke omdat abstrakt wurk har net befoel. Letter folge se noch in oplieding oan de ABK Arnhim en Giacomo Manzu yn Milaan. Se wurke seis jier oan it Ynstiytút foar Byldzjende ekspresje yn Amersfoart. Yn de perioade 1978 - 1996 hat se yn Fryslân wenne en wurke, it lêst yn Oerterp. Nei alve jier reizge te hawwen is se sûnt 2008 wer werom yn Nederlân.
Se makke ûnder oare de brûnzen trofee dy't sûnt 1990 jierliks op it Festival Frouljufilms[2] útrikt wurdt oan in frou dy't har fertsjinstlik makke hat op it mêd fan frou en film. Yn 1995 waard in gruttere útfiering[3] hjirfan troch de organisaasje fan it festival oan de gemeente Assen oanbean.
Haring is mem fan byldzjend keunstner Marco Goldenbeld.
Wurken yn de iepenbiere romte
bewurkje seksjelokaasje | titel/omskriuwing | materiaal | jier |
Assen, De Vaart | Filmdoek | brûns | 1995 |
Balk | Boartsjende bern | brûns | 1983 |
Bûtenpost | Boartsjende bern | brûns | 1984 |
Bueren | Ritskemooi | brûns | 1980 |
Droegeham | Droegehamsterko mei Boer en keapman | brûns | 1982 |
Jistrum | Bern yn hoepel | brûns | 1985 |
Folsgeare, Tsjaerddyk | De Muontsen | brons | 1995 |
Harns | Frou mei dowen by plysjeburo | brûns | 1986 |
De Jouwer | De Koperjitter | brûns | 1979 |
De Jouwer | Bern oan fiver | brûns | 1980 |
De Jouwer, Midstrjitte | De Trije Toeristen | brûns | 1982[4] |
Ljouwert, Harnzertrekwei | Groepen minsken dy't de sikefûnsklanten útbyldzje | brûns | 1984 |
Nijeberkeap | It harjen fan de seine | stiel komposysje | 1996 |
Oentsjerk | Tryntsje-muoi | brûns | 1986 |
Skearnegoutum, Legedyk | De nonnen fan it Nijkleaster | brûns yn betonsokkel | 1996 |
Waskemar | De Trilker | brûns | 1980 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeReferinsjes
bewurkje seksje- ↑ Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje
- ↑ Festival Vrouwenfilms
- ↑ ôfbyld op Drinte keunstbreed yn byld
- ↑ It orizjinele byld is stellen. Yn 2008 makke Haring in nij byld.