De Likeblommen
De Likeblommen is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It docht it ferhaal fan in jongfaam dy't winterdeis tsjin alle rie yn mei har feint út te reedriden giet en dat mei de dea bekeapje moat as hja troch it iis sakket. Teffens giet de tekst yn op hokker gefolgen oft har ferstjerren foar de djipdrôven hat. De titel ferwiist nei de Likeblom, in soarte fan papierrene blom dy't men doedestiden yn De Like makke en dy't by 't winter troch reedriders út Fryslân by de klean yn stutsen mei weromnommen waard as bewiis dat men alhiel nei Grinslân ta riden wie. Tagelyk is de titel dûbelsinnich, mei't 'blom' ek wol brûkt wurdt as ferwizing nei in famke, en 'like-' ek in ferbûging fan 'lyk' wêze kin. De Likeblommen waard foar it earst publisearre yn 1840, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel Twigen út in Alde Stamme, dy't yn 1871 mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma opnommen waard yn 'e samling Rimen en Teltsjes.
De Likeblommen | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Eeltsje Hiddes Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | gedicht | |
1e publikaasje | 1840, Dimter | |
oarspr. útjwr. | fa. J. de Lange | |
bondel | Twigen út in Alde Stamme (no: Rimen en Teltsjes) |
Tekst
bewurkje seksje- De Likeblommen
|
Mem stie op ’e wâl te kriten, De oare jûns begûn te kommen, Aaklik rûsde it om ’e skuorre, Soms begûn dat sloof te kriten, Einlings kamen der twa mannen, „Boer!” sa spriek ien fan dy lju, En doe sleepten se de slide Mei in likeblom by ’t jak yn, „’t Is Gods wille!” rôp ús heit doe, Hja wie yn ’e mar ferdronken, Sy waard te Goai’ng’ryp begroeven, En ús heit, om wurd te hâlden, |
- Jongfolk, tink no om Marije,
- As it iis sa hearlik blinkt:
- Tink dan, dat in kweade ingel
- Jimme nei it grêf ta winkt.
- Jongfolk, tink no om Marije,
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|