Twigen út in Alde Stamme

Twigen út in Alde Stamme, oarspronklik stavere as: Twîgen uwt ien Alde Stamme, wie in lytse samling koarte ferhalen en gedichten skreaun troch Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma, dy't yn 1840[1] by fa. J. de Lange yn Dimter publisearre waard. It wie in (los ferskynde) oanfolling op harren eardere ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, en soe yn 1871 opnommen wurde yn 'e earste printinge fan Rimen en Teltsjes, dêr't it wurk fan 'e bruorren Halbertsma postúm yn sammele waard. Ta Twigen út in Alde Stamme hearde û.m. it gedicht De Likeblommen.

Twigen út in Alde Stamme
algemiene gegevens
oarspr. titel Twîgen uwt ien Alde Stamme
auteur bruorren Halbertsma
taal Frysk
foarm ferhalebondel/dichtbondel
sjenre folksliteratuer
1e publikaasje 1840, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel oarspronklik: gjint
no: Rimen en Teltsjes

(E = Eeltsje; J = Joast)

  • Foarwurd (E?)
  • De Winter fan 1624 yn it Wetterlân (E)
  • It Swealtsje Ferjit (E)
  • De Likeblommen (E)
  • De Blauwe Skine (E)
  • Ald Greult-omme (E)
  • Murk fan Ipekolsgea (E)
  • It Feartflagjen (E)
  • Taheakke (J)
  • It Boaike fan Seisbierrum (E)
  • Tsjerk Hiddes (J)
  • Dokter Eeltsjes Letterke (J)
  • Skipper Hylke fan De Lemmer (J)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert, 1958 (A.J. Osinga N.V.), s. 591.