De Mûnts is in poldermole yn it doarp Bûtenpost, it haadplak fan de gemeente Achtkarspelen. It is in houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren, dekt mei reid.

De Mûnts
mûne / mole
lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Bûtenpost
adres West 1-A
koördinaten 53° 15' N 6° 082' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 13,2 meter
boujier 1871, weropbou 1959
oare ynformaasje
eigner Gem. Achtkarspelen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7039 [1]
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
De Mûnts (Fryslân)
De Mûnts

Skiednis en beskriuwing

bewurkje seksje

De Mûnts stie oarspronklik yn it Grinslanner Oosterhoogebrug, dêr't er de Boarchsleatpolder bemealde. Hy wie dêr yn 1871 boud yn ferbân mei de oanlis fan it Iemskanaal. Dat barde op kosten fan de provinsje Grinslân, dy't de mûne nei de oplevering oerdroech oan it wetterskip fan de polder.

Yn 1952 waard foar de mole in sloopfergunning ôfjûn, wêrnei't er "op afbraak" ferkocht waard oan in partikulier. Dy stelde de mûne beskikber foar weropbou yn Bûtenpost. De mole waard dêr yn de jierren 1958/1959 delsetten en omneamd ta De Mûnts. De mûne, dy't twa wetterrinnen hat, krige it op- en bemeallen fan de pleatslike iisbaan as taak. Yn 1985 bruts de houten binnenroede, wêrnei't dy ferfongen waard troch in nije izeren roede.

De Mûnts waard yn 1994 restaurearre. Tsjintwurdich is de mûne, dy't no eigendom is fan de gemeente Achtkarspelen, mealree yn sirkwy.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: