De Marrekrite is in gearwurkingsorgaan fan de Provinsje Fryslân en 20 Fryske gemeenten, mei as doel it Fryske wetterlân rekreatyf/toeristysk sa goed mooglik funksjonearje te litten, dêrby ek omtinken jaand oan de belangen fan goa en gea.

Boerd by in Marrekrite-oanlisplak
Bolder yn de foarm fan in pompeblêd op in Marrekrite-oanlisplak by Drylts

Yn de jierren fyftich waard it drokker op it Fryske wetter. In soad boatsjes waarden mei de kop yn de reiden lein at der oanlein waard en dan waarden wâlen, reiden en polderdiken wolris fernield. Sûnt de oprjochting yn 1957 hat it meitsjen fan oanlisfoarsjennings yn it bûtengebiet en it behear en ûnderhâld derfan altyd de haadaktiviteit west. Wa't oanleit op in Marrekriteplak mei der net langer as 3x24 oeren lizzen bliuwe om elkenien in plakje te gunnen. It útbaggerjen fan it wetter foar rekreaasjefeart heart ek by de taken fan de Marrekrite, lykas it leegjen fan ôffalkonteners. Yn 1994 wiene der sa'n 240 Marrekriteplakken yn de provinsje. Foarsitter wie in skoftlang Jetze van der Goot.

Njonken stipe fan de provinsje en de gemeenten, komt in part fan de ynkomsten fan de krite ek út de ferkeap fan de jierlikse Marrekrite-wimpel, dêr't de minsken mei sjen litte kinne dat hja it wurk van De Marrekrite stypje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje