De Onderneming (Fjouwerhuzen)

(Trochferwiisd fan De Onderneming (Fjouwerhûzen))

De Undernimming (De Onderneming) is in nôtmûne yn it Grinslânske doarpke Fjouwerhuzen.

De Undernimming
De Onderneming
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente It Hegelân
plak Fjouwerhuzen
adres Hoofdstaat 25
koördinaten 53°21'N 6°17'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 19,50 m
boujier 1858
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 35870 [1]
Webside
www.groningerlandschap.nl
Kaart
De Onderneming (Grinslân)
De Onderneming

De stellingmûne waard yn 1858 yn opdracht fan bakker Jacob Jans Lootboud en syn frou Geertruid Bolt boud en ferfong doe in lytse muonts. Nei de Twadde Wrâldkriich like der in ein te kommen oan 'e mûne en in fergunning om de mûne ôf te brekken wie al jûn.

Jacob Loots, in pakesizzer fan 'e earste eigener, ferkocht de mûne yn 1956 oan in feriening dy't de mûne opknappe woe. De mûne bleau bewarre en waard yn 1969 restaurearre.

Nei de restauraasje hat de mûne lang tsjinst dien om mûnders op te lieden.

Eigner fan 'e mûne is sûnt 2007 de Stifting It Grinslânske Gea. De mûne hat in flecht fan 19,50 meter en Ald-Hollânske wjukken.

Keppeling om utens

bewurkje seksje


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: