De Overval (film)

film út 1962 fan Paul Rotha

De Overval is in Nederlânske swart-wytfilm út 1962, produsearre troch Rudolf Meyer en regissearre troch Paul Rotha. It is ien fan de súksesfolste films yn de Nederlânske sinema mei sa'n 1.474.000 besikers.[1] It hat as ynternasjonale titel The Silent Raid.

Opnames fan de Overval yn de Cinetonestudio, efter de kamera Prosper Dekeukeleire, Kees Brusse, Paul Rotha en Jan Blaaser yn it raam

Lou de Jong skreau it senario op basis fan it Herinneringsalbum dat yn 1945 útkommen wie by de earste betinking fan 'e kreak, de oerfal op 'e Blokhúspoarte yn Ljouwert, in barren dat wol ta de grutste fersetsdieden yn de Twadde Wrâldoarloch rekkene wurdt. Yn WOII wiene wol 80 befrijingsaksjes út finzenissen.

FerhaalBewurkje

It is 8 desimber 1944. Yn it Hûs fan Bewar yn Ljouwert liket alles rêstich, mar it is bedroch. In groep Nederlânske fersetslju sil 51 fan harren fersetsmaten op spektakulêre wize befrije.

RolferdielingBewurkje

LiteratuerBewurkje

  • ――, "Bevrijding", 8 December 1944: Herinneringsalbum van de "Overval" op de Strafgevangenis, Ljouwert, 1946 (Prov. Lieding f.d. Fryske K.P.), gjin ISBN.
  • Jong, Loe de, De Overval, Amsterdam, 1962 (Querido), gjin ISBN.
  • Schoots, Hans, Bert Haanstra. Filmer van Nederland, s. 131-143, Amsterdam 2009 (Mets & Schilt), ISBN 978 90 5330 666 6.
  • Walle, Hessel de, De Mannen van de Overval, Dokkum, 2019 (Wijdemeer), ISBN 9789492052599.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hans Schoots, Van Fanfare tot Spetters (2004), side 211