Riek Schagen
Geertruida Hendrika (Riek) Schagen (Amersfoart, 15 novimber 1913 - Vorden, 14 july 2008) wie in Nederlânsk aktrise en skilderes. Se is nei alle wierskyn it meast bekend fan har rol as Saartje yn de telefyzjerige Swiebertje, dêr't hja tsien jier yn meidie.
Riek Schagen | ||
akteur | ||
Riek Schagen (1978) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Geertruida Hendrika Schagen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 15 novimber 1913 | |
berteplak | Amersfoort | |
stoarn | 14 july 2008 (94 jier) | |
stjerplak | Vorden | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Biografy
bewurkje seksjeKarriêre
bewurkje seksjeRiek Schagen kaam as tsjinstfaam by Albert van Dalsum en krige toaniellessen fan him. Se debutearre yn 1940 by syn selskip Studio yn it stik Eindexamen. Yn ’e oarlochsjierren wie se húshâldster by fersetsstrider Popke Sjoerds Bakker (1912-1945) oan de Singel yn Amsterdam en krige se in rol yn ’t fersetswurk. Neist har wurk yn it teäter hat se fan 1955 ôf meidien oan in grut tal telefyzjeproduksjes. Yn 1955 makke Schagen har filmdebút yn Ciske de Rat as muoike Jans. Dêrnei spile se yn tal fan film- en telefyzjeproduksjes, dêr't Fanfare fan Bert Haanstra, De Overval en De kleine waarheid ûnder wiene.
Yn 1965 kaam Schagen by de cast fan de populêre telefyzjesearje Swiebertje en spile dêryn de rol fan húshâldster Saartje, as opfolgster fan ûnder oaren Annie Leenders en Jetty Cantor. Ek nei't de searje yn 1975 stoppe wie, makke Schagen yn dy rol fan húshâldster noch geregeldwei reklamespotsjes foar ûnder oaren Sorbo. Har lêste rol hie se yn de jeugdsearje Thomas en Senior út 1985 en yn it ferfolch, Thomas en Senior op het spoor van Brute Berend út 1988; se spile dêryn de beppe fan Thomas. Yn 2007 wie se noch as Saartje te gast yn it programma Mooi! Weer De Leeuw fan Paul de Leeuw; it wie har lêste telefyzjeoptreden.
Schagen ûntwurp kostúms en har namme krige de lêste jierren ek klank as skilderes. Se hie har eigen eksposysjeromte mei de namme "GaleRiek". Totaal hat hja mear as 1000 skilderijen makke.
Se stoar yn de âldens fan 94 jier yn fersoargingshûs De Wehme yn har wenplak Vorden. Har jiske is byset op it Algemien begraafplak dêre.
Priveelibben
bewurkje seksjeSchagen wie boaske oan filosoof, ekonoom en keunsthistoarikus Bert Westermann, soan fan skilder Gerard Westermann, en wenne yn Vorden. Riek Schagen hie gereld eksposysjes yn it lân.
Filmografy
bewurkje seksje- 1955 - Ciske de Rat - Muoike Jans
- 1958 - Fanfare - Aaltje
- 1962 - De Overval - Mem fan Wim
- 1963 - De Duivelsgrot - Húshâldster Hilda (1963-1964)
- 1965 - Swiebertje - Saartje (1965-1975)
- 1970 - De kleine waarheid - Sien Eenenaam
- 1972 - The Little Ark - Frou Brodfelder
- 1972 - Het meisje met de blauwe hoed
- 1975 - Keetje Tippel
- 1980 - Pipo de clown yn West Best-moeders ugh
- 1985 - Thomas en Senior - Beppe fan Thomas
- 1986 - Vroeger kon je lachen - Swijende frou
- 1988 - Thomas en Senior/Thomas en Senior en het spoor van Brute Berend - Beppe fan Thomas
Harkspul
bewurkje seksje- 1986 - De ronde van '43 - Frou Co
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Riek Schagen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|