Kees Brusse
Kees Brusse (Rotterdam, 26 febrewaris 1925 - Laren (N-H), 9 desimber 2013) wie in Nederlânsk akteur, filmregisseur en senarioskriuwer, dy't dat wurk kombinearre mei wurk foar radio (û.o. harkspulspiler), telefyzje en reklame (û.o foar Shell en Zwitserleven).
Kees Brusse | ||
akteur | ||
Kees Brusse (1978) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 febrewaris 1925 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 9 desimber 2013 | |
jierren aktyf | 1936-2004 | |
prizen | Gouden Televizierring 1982 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Biografy
bewurkje seksjeKees Brusse is in soan fan auteur en sjoernalist Marie Joseph Brusse en operasjongster Antje Ebes. Hy hie seis bruorren en healbruorren, Ytzen Brusse (filmmakker), de sjoernalist Jan Brusse, Peter Brusse (sjoernalist/programmamakker), Mark Brusse (byldhouwer), de betiid ferstoarne Marie Joseph jr. en arsjitekt Henk Brusse.
Brusse gie nei de MULO. De toanielskoalle woe him net hawwe; as akteur/regisseur wie er autodidakt.
Brusse wenne oant jannewaris 2013 yn Perth, Austraalje. Maart 2011 wie er wer efkes yn Nederlân. Hy ferklearre dat er him noch altyd Nederlanner fielde en dat de presintaasje fan syn biografy 'Herinneringen: ovatie aan het leven' yn it ynstitút foar Byld en Lûd yn Hilversum as in waarm bad oanfield hie. Ier yn 2013 kaam Brusse foar altyd werom yn Nederlân en wenne er yn it Rosa Spier Hûs yn Laren[1], dêr't er 9 desimber 2013 stoar.[2]
Brusse wie njonken syn wurk ek maatskiplik aktyf; hy wie ambassadeur fan de organisaasje Greenwisheen, in poadium foar minsken dy't harren fakbekwamens, kreätiviteit en talinten brûke wolle foar inisjativen op it mêd fan natoer, miljeu en duorsumens. Hy hat ek de Kees Brusse Stichting yn it libben roppen foar de emansipaasje fan de âlderein.
Wurkpaad
bewurkje seksjeToaniel
bewurkje seksjeKees Brusse makke 1941 mei 16 jier syn toanieldebút as Pietje Puck yn Boefje by it Gemeentlik Teaterbedriuw Amsterdam. In jier letter yn 1942 spile er yn De mooiste ogen van de wereld en yn 1943 by it Sintraal Toaniel laat fan Cees Laseur. Mei Laseur en Wim Ibo makke er dêrnjonken kabaret. Fan 1945 ôf, nei de befrijding, wurke Brusse yn it kabaret fan Wim Sonneveld. Mei it ynternasjonaal kabaretselskip fan Rudolf Nelson makke er in toernee troch Switserlân. Yn de jierren 1948-49 reizge Brusse mei syn Toanielgroep C6 troch Yndoneezje. Fan 1952 oant 1954 joech Brusse artistyk lieding oan de Rotterdamske Komedy en arbeide dêr op mei dramaturge Anna Blaman en Mieke Verstraete dy't letter syn frou wurde soe.
Brusse kombinearre by it opgong meitsjen fan de tillefyzje it wurk foar dat nije medium troch deis yn de studio te stean en jûns op it toaniel. Oant de iere jierren '60 hat er dat útholden. Brusse hat ûnder oaren foar Toanielgroep Teater, de Haachske Komedy, it Amsterdamsk Toaniel en de Nederlânske Komedy wurke.
Yn syn toanieltiid hat Brusse in eigen styl ûntwikkele dy't die nij wie. Gjin oerdreaune gebaren of gedragen stim, mar in ynbannige, natuerlike manier fan spyljen.
Film
bewurkje seksjeHy makke alve jier âld syn debút mei de rol fan de broer fan Merijntje yn de film Merijntje Gijzen's Jeugd.
Filmregisseur
bewurkje seksjeAl yn de jierren fyftich liet Brusse syn interesse yn de jongerein yn it turbulinte tiid sjen. Films as De paraplu en Het gerucht pleitsje foar seksuele foarljochting oan jongeren (films makke fanwege Stichting Pro Juventute).
As regisseur krige Brusse respekt mei Mensen van morgen dat in tydsbyld jout troch ynterviews mei jonge lju. Ek yn Gedachten over het seksuele leven van de mens gie Brusse yn petear mei jongeren oer seksuele ûnderfiningen en fantasyen. Dy film waard makke fanwege de Nationale Federatie voor de Geestelijke Volksgezondheid.
Vader is zo stil de laatste tijd is in opfallende produksje meidat Brusse dêryn tagelyk auteur, produsint, regisseur, akteur as kameraman is. Dy film, dy't it âlder wurden as tema hat, is allinne op fideo útbrocht.
Radio en telefyzje
bewurkje seksjeBrusse hie foarearst op de radio súkses mei Kobus Rarekiek. Dêrnei wie er te hearren yn de rol fan de soan yn de twawyksklike harkspulsearje De familie Doorsnee, skreaun troch Annie M.G. Schmidt en útstjoerd fan oktober 1952 oant en mei april 1958 fan de VARA. Yn de jierren 1950 spile er mei Wim Kan yn it ymprovisaasjeprogramma Blokkade de radiomansjes Zoutlegger en Doordouer.
Njonken syn optredens yn harkspullen wie Brusse te hearren yn Babyzitten, wêryn't er as babysitter de yn 'e hûs fûne grammofoanplaten fan kommintaar foarseach, en yn Tante Truus, wêryn't er saneamde fragen fan harker beändere.
Lettere hichtepunten wiene Onder de mensen (twa seizoenen ein jierren 1970), ynterviews mei minsken oer libben en wurk, en Kees Brusse leest voor… uit het leven van Dick Trom of Pinokkio (AVRO, ein jierren 1980).
Ek op tillefyzje wie Brusse geregeldwei te sjen. Hy makke produksjes lykas Pension Hommeles (de earste Nederlânske telefyzjerige), Maigret (mei Brusse yn de rol fan kommissaris Maigret), Tussen wal en schip, Man van alledag en Mensen zoals jij en ik. Lette die er mei oan de spulprogrammas, bygelyks Wie van de Drie as panellid njonken Albert Mol, Martine Bijl en Sonja Barend.
Erkenning
bewurkje seksjeBrusse krige yn 1982 de Gouden Televizier Ring foar Mensen zoals jij en ik en waard 1987 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Produksjes
bewurkje seksjeFilmografy as regisseur
bewurkje seksje- De paraplu (1956)
- Rhapsodie in fruit (1957)
- Volg die vrouw (1959)
- Het gerucht (1960)
- Kermis in de regen (1962)
- De overval (dialoochregy; 1962)
- Mensen van morgen (1964)
- Menschen von Morgen (1966)
- Gedachten over het sexuele leven van de mens (1967)
- Een stukje Noord-Holland (1974)
- De Verjaring (1980)
- Een magisch eiland (dokumintêre, 1993)
- Post uit de Antillen (1998)
- Een bijzondere tocht (2000)
- Vader is zo stil de laatste tijd (2002)
Filmografy als akteur
bewurkje seksje- Merijntje Gijzen's Jeugd (Kurt Gerron, 1936)
- Ieder zijn kans (ûnbekend, 1948)
- De dijk is dicht - Bert Verbloeme (Anton Koolhaas, 1950)
- Hij, zij, en een wereldhaven (Ytzen Brusse, 1952)
- Het meest getapt (Ytzen Brusse, 1953)
- ’t Komt in de bus (ûnbekend, 1953)
- Ciske de Rat (Wolfgang Staudte, 1955)
- Ciske - Ein Kind braucht Liebe (Wolfgang Staudte, 1955 - BRD)
- Kleren maken de man - fersekeringsagint (Georg Jacobi, 1957)
- Acht Mädels im Boot (Alfred Bittins, 1957- BRD)
- Jenny - dr. Henk Ebeling (Willy van Hemert, 1958)
- Volg die vrouw (1959)
- De Zaak M.P. (Bert Haanstra, 1960)
- Kermis in de regen - Bertje de Gast (1962)
- De Overval (Paul Rotha, 1962)
- Resistance (1963)
- Mensen van morgen (ynterviewer, 1964)
- Menschen von Morgen (ynterviewer, 1966)
- Gedachten over het sexuele leven van de mens (ynterviewer, 1967)
- Blue Movie (Wim Verstappen, 1971)
- VD (Wim Verstappen, 1972)
- Dakota (Wim Verstappen, 1974)
- Dokter Pulder zaait papavers (Bert Haanstra, 1975)
- Rooie Sien - Ko Breman, Sien har heit (Frans Weisz, 1975)
- Verlies (Olga Madsen, 1976)
- Mysteries - dr. Stenersen (Paul de Lussanet, 1978)
- Een pak slaag - Hein Slotter (Bert Haanstra, 1979)
- Vroeger kon je lachen: In film om Simon Carmiggelt hinne (Bert Haanstra, 1983)
- Man, vrouw, hondje - Max (Telefilm Nicole van Kilsdonk, 1999)
Telefyzjeproduksjes
bewurkje seksje- Slaaf geboornen ontwaakt (1 maaie 1952)
- Het onstuimige hart (12 desimber 1952)
- Afscheid van een clown (28 april 1953)
- Het staat te bezien (10 april 1953)
- De klucht van de koe (23 maaie 1953)
- Emperor Jones (3 july 1953)
- Het oude huis (14 septimber 1954)
- Met eervol ontslag (21 desimber 1954)
- Paradijsvogels (12 july 1955)
- Klokslag negen (5 desimber 1956)
- Moord aan boord (26 desimber 1956)
- Hé daar (10 jannewaris 1957)
- Stoephuisterwoude (23 febrewaris 1957)
- Het spinneweb (27 febrewaris 1957)
- De gebroken kruik (19 febrewaris 1958)
- Miranda (29 jannewaris 1958)
- Pension Hommeles (1957-1959)
- De wiskunstenaars (1 oktober 1958)
- Het huis van Mungo King (22 oktober 1958)
- Het hemelbed (11 novimber 1958)
- De kamer waarin wij leven (10 maart 1959)
- De kleine prins (1958-1959)
- Meeuwen boven Sorrento (8 april 1959)
- De man die zichzelf bedroog (3 septimber 1959)
- Alles in tweevoud (4 febrewaris 1960)
- Het legaat (7 july 1960)
- Vuile handen (13 maart en 14 april 1960)
- Kronkelwegen (5 oktober 1960)
- Driesprong (18 novimber 1960)
- Kent u de melkweg? (30 maart 1961)
- Man van alle dag (2 oktober 1962)
- Erik Sikkes (5 jannewaris 1964)
- Maigret (1964-1965)
- 001 van de contraspionage (24 april 1966)
- Céline (1966-1967)
- De roverssymphonie (1966-1967)
- De blauwe kamer (1968-1969)
- Het spoor van de Hollander (1968-1969)
- Zomerdagdroom (1968-1969)
- Hé Joe (1969-1970).
- Op straffe des doods (29 jannewairs 1970)
- 't Schaep met de 5 pooten (1969-1970)
- Lotje (1969-1970)
- Arsenicum en oude kant (1973-1974)
- Amsterdam 700 (1975)
- De verlossing (9 febrewaris 1975)
- Pleisterkade 17 (7 desimber 1975)
- Het grote gebeuren (nei Belcampo) as de ferteller
- Tussen wal en schip (21 maart 1977)
- Dagboek van een herdershond (de stim fan de 'ingelbewarder', 1977-1980)
- De onweersvogel (1978-1979)
- Gaslicht (27 oktober 1979)
- De verjaring (4 maaie 1980)
- Mijn vriend de moordenaar (26 septimber 1980)
- Heidi (tekenfilmrige, ferteller) (1981)
- Mensen zoals jij en ik (1981-1985)
- De witte leugen (1981-1982)
- Dubbelpion (21 jannewaris 1982)
- Drama in muziek, ôfl. 2 (8 novimber 1982)
- Morgen gaat het beter (1986)
- De erfenis (29 augustus 1986)
- De gevangene (19 desimber 1986)
- De wandelaar (23 novimber 1989).
- Maak dat de kat wijs (17 maaie 1991)
- Suite 215 (29 septimber 1992)
- Tasten in het duister (1996)
- De Erfenis (2004)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Biografy op de wiky fan it Nederlânsk Ynstitút foar Byld en Lûd
- Fotoo's fan Kees Brusse op Virtual History
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kees Brusse fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|