De Tijd (Elburch)

De Tijd is in nôtmûne yn Oostendorp yn de gemeente Elburch (Gelderlân).

De Tiid

De Tijd

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Elburch
adres Zuiderzeestraatweg-Oost 16
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1854
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14945 [1]

De mûne waard yn 1854 boud en ferfong in yn 1853 ôfbaarnde mûne. Oant yn de Twadde Wrâldkriich bleau de mûne yn bedriuw. Dêrnei waard der allinne noch mei in elektryske hammermûne mealle. Yn 1964 waard de sloopfergunning oanfrege, mar der folge ynstee fan ôfbraak yn 1966 in restauraasje. De mûne kaam lykwols wer stil te stean en in twadde restauraasje folge yn 1984.

Op 6 july 1990 waard in twadde koppel yn gebrûk nommen foar it meallen fan nôt foar de bakker. It oare koppel wurdt brûkt foar it meallen fan feefoer. De mûne is tige regelmjittich yn gebrûk.

'De Tijd' is is in stellingmûne op in stiennen ûnderbou en in 3,9 meter hege stelling. De achtkante boppebou en de kape binne reitdutsen. De wjukkenfoarm is mei it systeem Fauël mei (sûnt 1994) automatyske remkleppen op beide roeden. De roeden út 1984 hawwe in flecht fan 22,80 meter. 'De Tijd' wurdt remd mei in Flaamske fang, dy't betsjinne wurdt mei in wipstôk. De 4,80 meter lange boppe-as fan smei-izer datearret fan 1888 en is getten troch de izerjitter 'De Prins van Oranje'.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: