De Tijen
De Tijen wie in delsetting en fjildnamme bewesten it âlde (Noarder)Drachten, oan de Aldewei, yn de gemeente Smellingerlân. Hy wurdt as delsetting noch neamd troch Eekhoff yn 1843, dêrnei allinnich as fjildnamme.
Namme
bewurkje seksjeMooglik komt it fan it Aldfryske tia, dat 'streamde wettergong' betsjut. Oaren wolle hawwe dat it fan tyaen, tsien, komt. Yn dat gefal soe it op de mjitte fan it lân slaan, nei alle wierskyn 10 roeden [1]. De namme komt ek foar as strjitnamme yn Drachten.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|