Wetterskip De Trijegreppel

(Trochferwiisd fan De Trijegreppel)

Wetterskip De Trijegreppel wie in wetterskip yn de destiidske gemeente Utingeradiel lyk bewesten Akkrum, dat in selsstannich oerheidsorgaan wie fan 1916 oant 1977.

De Trijegreppel hie benammen de lykneamde sleat (ek: Trigreppel), dy't in ferbining foarme(t) tusken Polsleat en de Meinesleat. Haadtaken fan it wetterskip wiene bemealing fan de polder en it ûnderhâld fan in wei. It wetterskip hie dêrneist damen en diken, trije brêgen, in draaikear, in bemealingsreau yn behear. Inisjatyf foar de oprjochting waard nommen troch de gemeente, dy't belang by it wetter fan de Trijegreppel hie as bluswetter. It wetterskip die alderlei behear lykas it baggeljen fan de sleat en it opheegjen fan de kaaien, túgde in wynmotor oan en lei in daam oan op it plak dêr't de Trigreppel útrûn yn de Polsleat. Oan de ein fan har bestean kaam De Trijegreppel in finansjele problemen troch in ferâldere administraasje. Sûnt 1964 koe gjin belesting mear heft wurde. De skuld rûn op nei 30.000 gûne. It wetterskipsbestjoer wie tsjin de nije wetterskipsyndieling, dochs gie De Trijegreppel op yn wetterskip Boarnferd yn 1967 by de earste wetterskipskonsintraaje yn Fryslân.

Nei fierdere fúzjes falt it gebiet sûnt 2004 ûnder Wetterskip Fryslân. It gebiet leit tsjintwurdich binnen de beboude kom fan Akkrum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: