De Vlijt (Diever)
De Vlijt is in nôtmûne yn it buorskip Oldendiever by Diever yn de Drintske gemeente Westerfjild.
De Vlijt | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Diever | |
adres | Oldendiever 35 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1882 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 12907 [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan De Vlijt |
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne waard op it hjoeddeiske plak yn 1882 boud en kaam yn it plak fan in yn 1881 ôfbaarnde grûnsiler. It achtkant is ôfkomstich fan in ôfbrutsen Fryske poldermûne út Jistergea.[2] Yn ien fan de balken stiet it jiertal 1823, nei alle gedachten it boujier fan de poldermûne.
Yn 1956 waard der in restauraasje útfierd, dy't lykwols net tarikkend wie. De grutte restauraasje fan 1980 makke de mûne wer mealree. It moal is ornearre foar de bakkerij yn Diever.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Vlijt is in achtkante stellingmûne mei in reiddutsen achtkant. De wjukken hawwe in flecht fan 18,60 meter. By de restauraasje fan 1980 waarden op beide roeden it Fauël-systeem oanbrocht, de bûtenroede hat boppedat automatyske remkleppen.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|