De Waag (tydskrift)

De Waag wie in Nederlânsk algemien polityk en ekonomysk tydskrift, dat tusken jannewaris 1937 en april 1945 ferskynde.

By de oprjochting wie Th.B.F. Hoyer de haadredakteur en dr. ir. Marius Dirk Dijt de ekonomysk redakteur. De finansier fan De Waag wie Henri Deterding, by wa't Dijt as sekretaris tsjinne. Hoewol't it tydskrift net oan in partij bûn wie, wie de toan fan'e miet ôf oan autoritêr, anty-ynternasjonaal, antyparlemintêr, bot konservatyf, hieltyd mear pro-Dútsk en neffens Lou de Jong antysemitysk. Yn 1938 waard De Waag in stichting mei as ûndertekeners B. Wigersma, J. Hessing en Cornelius Winkler-Prins. C.C. Küpfer wie doe haadredakteur; dy soe yn 1940 by it Nationaal Front bedarje. Dy struktuerwiziging wie de oanset fan in protte redaksjewikselingen, oant De Waag mids 1942 de kant fan de Nederlandsche SS keas. De finansiering fan it tydskrift wie doe yn hannen kommen fan Meinoud Rost van Tonningen. Op 25 april 1945 ferskynde it foar it lêst.

Foar 1941 wie De Waach in bûnt en yntellektueel tydskrift. It karakter wie semy-wittenskiplik en by tiden polemysk fan aard, wêrby't it in beskate mjitte fan yntellektuele standing wist te bewarjen. Yn alle gefallen nei de wikseling fan de wacht yn de simmer fan 1942 ferlear it tydskrift oan útstrieling, om't it konsekwint en iensidich mei de SS-rjochting ynstimde.

Bekende meiwurkers fan de De Waag

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • I. Schöffer, Het nationaalsocialistische beeld van de geschiedenis der Nederlanden: een historiografische en bibliografische studie. Van Loghum Slaterus/J.M. Meulenhoff, Arnhim/Amsterdam, 1956.