De Zwaluw (Hoogeveen)
De Zwaluw is in nôtmûne oan de Van Echtenstraat yn it Drintske plak Hoogeveen. It is in reitdutsen, achtkante houten stellingmûne op in achthoekige mitsele ûnderbou.
De Zwaluw | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Hoogeveen | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Nôtmûne | |
boujier | 1787 (ûnderbou) 1834 (boppebou) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22254 (mûne) [1] | |
offisjele webside | ||
Side De Zwaluw |
Skiednis
bewurkje seksjeAl foar 1715 hie Hoogeveen in mûne. In twadde mûne waard yn 1716 boud op it plak dêr't de hjoeddeiske mûne stiet. Dy mûne waard yn 1787 ferfongen troch in stiennen mûne.
Yn 1833 baarnde de mûne ôf nei't it fjoer fan de mounderswente oersloech. In jier letter waard de hjoeddeiske mûne boud. De stiennen romp datearret noch út 1787, it houten achtkant is fan 1834. Eartiids stie de mûne oan in feart. It graan waard yn dy tiid mei skippen oant yn de mûne ferfierd, dêr't de sekken nôt nei boppe takele waarden.
Yn 1947 folge in restauraasje fan de mûne, mar op 2 septimber 1956 waard de mûne wer troch brân troffen. Fan 1960 oant septimber 1961 waard de skea wer ferholpen.
De lêste partikuliere eigner ferkocht de mûne yn 1976 oan de gemeente Hoogeveen. Yn 1983 krige de mûne de hjoeddeiske namme. De mûne ward yn 1999 op 'e nij restaurearre.
De stelling fan de Zwaluw is 10 meter heech. De flecht fan de wjukken is 24,60 meter.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Molendatabase (oersjoch technyske ynformaasje oer de mûne)
- (ned) Allemolens.nl (ôfbylden)
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|