De Mem fan Doutzen

(Trochferwiisd fan De mem fan Doutzen)

'De Mem fan Doutzen' is in liet fan de Fryske punkband Strawelte. It willepunknûmer waard yn Fryslân in hit yn 2008.[1]. De tekst is skreaun troch Foppe Land. It hardcorenûmer giet oer (de mem fan) it Fryske topmodel Doutzen Kroes. Doe’t Land it nûmer skreau wie hy 43 en Doutzen 23. Dat leeftydsferskil fûn er te grut om syn leafde foar Doutzen te besjongen. Hy hie ommers Doutzen har heit wêze kind. Mar dan hy koe wol oer de mem fan Doutzen sjonge dy 't ûngefear fan syn leeftiid wie. Troch dy gedachte wie de tekst yn trije minuten klear.[2] It liet giet oer de ik-figuer dy’t by in rûntsje hurdfytsen it paad bjuster rekket en yn de earms falt fan in blonde boerefaam. It wyske is fan Take 'em all fan de âlde punkband Cock Sparrer. De Doelleazen makken der in pear jier letter in houseferzje fan. By in optreden foar Omrop Fryslân waard Strawelte op in kear ferrast troch de komst fan de echte heit en mem fan Doutzen. Dat waard it begjin fan in waarm kontakt tusken de 'Wâldsjers'.

Yn 2009 kaam it nûmer op nûmer 2 binnen fan de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân. It soe dêr oant 2014 yn de top 10 einigje.

Te hearren op

bewurkje seksje
  • It bêste út de Fryske top 100 fan omrop Fryslân; vol.5 troch De Doelleazen (Marista, novimber 2014, CD)
  • It bêste út de Fryske top 100 fan omrop Fryslân : Trije (Marista, 2009, CD)
  • Roech as tou! ; Live op Wâldrock 2008 (Marista, augustus 2008, 2CD)
  • De Mem fan Doutzen troch De Doelleazen (2010, CD single)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. kertiersteat Foppe Land
  2. Ljouwerter Krante, side 13, 28 febrewaris 2011