Deddo Hesselink (Zuidwending, 3 july 1864De Haach, 29 maart 1953) wie in Nederlânske politikus.

Hesselink waard berne yn 1864 yn Zuidwending as soan fan lânbouwer Willem Jan Hesselink en Frouke Bosscher. Hy sette útein mei syn karriêre as amtner op de sekretary fan de gemeente Achtkarspelen.
Op 6 maaie 1892 waard er beneamd ta boargemaster fan Finsterwolde. Fan 15 oktober 1896 oant 16 augustus 1930 wie er boargemaster fan It Bilt.[1] Under syn Fryske amtsperioade wie Hesselink lid fan de ried fan tafersjoch fan de Coöperatieve Voorschotbank 'Het Bildt', foarsitter fan de faktekenkursus fan it Nutsdepartemint en konsul fan de ANWB.[2]

Nei syn pinsjoen ferfear Hesselink nei De Haach, dêr't er op 29 maart 1953 ek stoar.

Hesselink wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[3] Syn pake fan memmekant, Deddo Harms Bosscher, wie boargemaster fan Veendam.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder Courant d.d. 15 maaie 1930: Burgemeester Hesselink vraagt ontslag
  2. Nieuwsblad van het Noorden d.d. 2 april 1953: Oud-burgemeester Hesselink overleden
  3. Algemeen Handelsblad d.d. 30 augustus 1924: Onderscheidingen