Desidearius Erasmus

(Trochferwiisd fan Desiderius Erasmus Roterodamus)

Desidearius Erasmus of Desidearius Erasmus Roterodamus (Rotterdam (wierskynlik), 28 oktober 1466 - Bazel, 12 july 1536 wie in Rotterdamsk humanist, skriuwer en filosoof. Syn bertedatum is net alhiel wis. Oannommen wurdt dat er berne is op 28 of miskien 27 oktober 1466 yn Rotterdam, mar eins is de iennichste boarne dy't dy ynformaasje jout, Erasmus sels.

Desidearius Erasmus, portret troch Hans Holbein de Jongere.

Erasmus is berne as 'Gerrit Gerritszoon', mar hat yn 1506, lykas wenstich ûnder renêssânseskriuwers yn dy tiid, syn namme ferlatynske ta Desidearius Erasmus Roterodamus. Hy gie der dêrby ûnrjochtlik fan út dat de stam Geer- yn Geert/Gerrit wat út te stean hie mei begearjen en sette dat oer yn it Latyn en it Gryksk.

Doe't Erasmus 4 jier yn Rotterdam wenne, ferhuze er nei Gouda. Erasmus wie in oerwinneling. Syn heit wie in pryster út Gouda en syn mem Margaretha soe as famyljenamme Rogerius (Rutgers) hân hawwe. Erasmus hat syn libben lang wraksele mei syn bûtenechtlik komôf. It is sels wol oannimlik dat er yn 1469 yn Gouda berne is, en dat er dat sels oars hawwe woe om syn situaasje ferside te bringen.

Erasmus studearre û.m. fan 1495 oant 1499 yn Parys. Dêrnei ferbleau er yn Ingelân (oant 1606), dêr't er befreone wie mei Thomas More en John Colet. Syn belangstelling wie yn dy tiid rjochte op de Kristlike âldheid. Hy reizge in soad; hy hat in tal jierren yn Itaalje taholden, dêrnei wer yn Ingelân, Leuven, Basel en Freiburg im Breisgau. Hy wie in tiidgenoat en freon fan de fernijende skilder Albrecht Dürer. Erasmus is ferstoarn yn Basel.

Erasmus prate en skreau Latyn. Rûnom yn Europa waard er erkend as ien fan de grutte tinkers fan syn tiid. Hy koe ek Gryksk en stie dêrmei oan it begjin fan de gymnasiumtradysje. Troch syn kennis fan it Gryksk rekke er derfan oertsjûge dat beskate dielen fan de Bibel net goed oersetten wiene. Dêrom joech er it Grykske Nije Testamint yn printe foarm út, tsjin de sin fan syn freonen, dy't bang wienen dat de dochs al net sa sterke posysje fan de tsjerke dêrmei fierder ûnder druk komme soe te stean. Sy soene gelyk krije. Erasmus lei mei de útjefte de grûnslach foar tsjerkeherfoarmers as Luther. Dat is him troch de Katolike Tsjerke ek wol ferwiten. Mar Erasmus sels hie de fersplintering fan de tsjerke net wollen; hy woe de tsjerke feroarje, net ferfange.

Erasmus is fral bekend fan syn boek Moriae Encomium (De Lof fan de Healwizens). Dat wurk is in satire op alderhande misstannen út syn tiid. Yn it boek lit er de allegoaryske Healwizens dingen sizze dy't yn dy tiid nuodlik nei foarren te bringen wienen. De humor yn it stik helle de skerpe kantsjes der lykwols wat ôf, dat dat wurk waard wol akseptearre, as yn alle gefallen tolerearre.

In oar ferneamd wurk fan Erasmus is Enchiridion dêr't er syn tinkbylden oer wat it kristendom werklik foar de minsken betsjutte koe, yn útienset.

Keppeling om utens

bewurkje seksje