Apokryf
(Trochferwiisd fan Deuterokanonyk)
Apokryf, of ek wol deuterokanonyk, is in term dêr't bepaalde boeken mei oanstjutten wurde dy't oanspraak meitsje om as ûnderdiel beskôge te wurden fan de bibel, mar net yn de kanon fan de Bibel opnomd binne. It wurd 'apokryf' komt fan it Grykske apokruphos dat "geheim", "ferstoppe" betsjut. Sawol by it Alde Testamint as it Nije Testamint besteane der ferskate apokrive boeken. In diel dêrfan wurdt wol brûkt yn it kristendom, mar wurde as minder gesach-hawwend beskôge as de kanonike boeken. In oar part wurdt lykwols as dwaallear beskôge of skeptysk besjoen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |