Die Flucht (film út 2007)
Die Flucht, ynternasjonale titel March of Millions, is in Dútske film oer de flecht fan 'e Dútske befolking foar it naderjende Reade Leger út de eastlike gebieten fan it Tredde Ryk. Maria Furtwängler spilet de rol fan Lena, grevinne von Mahlenberg, dy't de bewenners fan har famyljelângoed yn 'e winter fan 1944-1945 nei it westen besiket te loadsen. De ARD stjoerde de film op 4 en 5 maart yn twa dielen út foar in publyk fan likernôch 13.5 miljoen sjoggers.
Die Flucht | ||
film | ||
makkers | ||
regisseur | Kai Wessel | |
produsint | Katrin Goetter, Nico Hofmann, Joachim Kosack, Sebastian Werninger | |
senario | Gabriela Sperl | |
muzyk | Enjott Schneider | |
spilers | ||
haadrollen | Maria Furtwängler Jürgen Hentsch Jean-Yves Berteloot Frédéric Vonhof | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Dútslân | |
premiêre | 2 maart 2007 (ARTE) | |
foarm | 2-dielige telefyzjefilm | |
sjenre | drama, oarloch | |
taal | Dútsk | |
spyltiid | 180 min | |
budget en resultaten | ||
budget | € 9 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | 2 dielen |
Ferhaal
bewurkje seksje1944. Magdalena, in Eastprusyske grevinne, wennet yn Berlyn, dat swier te lijen hat fan 'e bombardeminten. Har dochter is al troch in Nazy-organisaasje út Berlyn helle en op in feiliger plak yn Beieren ûnderbrocht as har heit slim siik is en hja nei it famyljegoed yn Eastprusen reizget om it mei him goed te meitsjen. Hja hie eartiids har âlderlik stee mei spul ferlitten, om hja sels har bûtenechtlik bern grutbringe woe en wegere te trouwen mei greve Heinrich von Gernstorff. De twa aadlike famyljes hiene dat houlik regele, mar Lena sette it yn 'e kant en dat late ta in brek mei har heit, greve Berthold von Mahlenberg.
Yn Eastprusen nimt hja de bedriuwsfiering fan it lângoed op har noed en hja beslút har dan lang om let del te jaan ûnder it arranzjearre houlik mei Heinrich von Gernstorff, al komt dat der troch de omstannichheden net fan. It is de tiid dat de Russen terrein winne en de earste flechtlingen út Litouwen en Memellân harren op it goed melde. Dat wurde der dêrnei jimmeroan mear. François Beauvais, in Frânske kriichsfinzene dy't mei noch in tal oare kriichsfinzenen op it goed fan har heit wurket, warskôget har om har flecht ta te rieden, mar it wol Lena dan noch net oan dat it net lang mear duorret dat it front har driget yn te heljen. Stadichoan kriget hja in emosjonele bân mei de kriichsfinzene en Lena rekket ek losser fan har tradisjonele opfettings, mar soks kin net iepen utere wurde, boppedat sil hja trouwe mei Heinrich von Gernstorff. As Lena ynsjocht dat der gjin oare kar mear is dan te flechtsjen, kriget hja de Nazy-autoriteiten foar har oer, dy't de ynwenners ferbiede om it gebiet op straffe fan 'e dea te ferlitten.
As yn jannewaris it front aaklik tichteby komt, wurdt Lena mei har famylje en it personiel twongen te flechtsjen. Har heit wegeret om mei te gean, mar ear't syn dochter it goed ferlit makket er it dochs noch goed mei har. As de ienheden fan it Reade Leger wat letter op it yntusken ferlitten lângoed komme, sjit de greve himsels dea. Lena is dan al ûnderweis en bringt de minsken troch de strange Eastprusyske winter en oer de beferzen Frische Haff en komt nei in lange reis yn 'e maitiid yn Beieren oan. Troch de flecht binne de tradisjonele ferhâldings tusken minsken feroare; de stânsferskillen fan eartiids telle net mear. Dat stelt Lena yn steat om har eigen rjochting te gean, hja brekt mei Heinrich en stiet lykas alle minsken foar in nij begjin.
Rolferdieling
bewurkje seksjepersonaazje | akteur/aktrise |
Magdalena von Mahlenberg | Maria Furtwängler |
Berthold von Mahlenberg | Jürgen Hentsch |
François Beauvais | Jean-Yves Berteloot |
Louis | Frédéric Vonhof |
Heinrich von Gernstorff | Tonio Arango |
Sophie von Gernstorff | Angela Winkler |
Rüdiger von Gernstorff | Hanns Zischler |
Ferdinand von Gernstorff | Max von Thun |
Benno Stuber | Adrian Wahlen |
Wilhelm Stuber | Adrian Goessel |
Babette | Gabriela Maria Schmeide |
Viktoria von Mahlenberg | Stella Kunkat |
Gauleiter Herrmann | Fritz Karl |
Dietrich (betsjinner) | Winfried Glatzeder |
Majoar Metzger | Ralf Dittrich |
Oars
bewurkje seksjeDe twadielige searje waard tusken febrewaris en juny 2006 yn Litouwen filme.
De Frânsk-Dútske omrop ARTE, in koprodusint, stjoerde de film op 2 maart 2007 yn ien kear út en helle dêrmei in sjochsiferrekord fan 2,46 miljoen sjoggers. De ARD en ORF stjoerde de film op 4 en 5 maart 2007 út en neffens de ARD wie it de meast suksesfolle film yn tsien jier tiid mei 11,18 miljoen sjoggers (29,5% merkoandiel).
It Slot Bothmer yn Meklenburch-Foarpommeren wie it dekor fan it lângoed fan 'e famylje von Mahlenberg en it Slot Friedrichsfelde yn Berlyn it dekor fan 'e famylje Gernstorff.