Dieperderhimpolder

De Dieperderhimpolder is in polder by Britswert. Tusken de jierren 900 en 1000 binne hjir de earste diken yn dizze omkriten oanlein. Yn Westergo waard begûn mei it oanlizzen fan in tal polders. Dit barde troch de terpen yn dit gebiet midddels in dyk mei elkoar te ferbinen. Yn Wûnseradiel wie dit de polder Hartwert - Wytmarsum (Dieperterhem).

De bediking fan dizze polder rûn fan Boalsert oer Trije Diken, Hartwert, Burchwert, Hemert, Rypein, Wytmarsum oer Harkesyl nei Boalsert. Op plakken dêr't de dyk troch kwelderslinken rûn, waarden ûntwetteringslûzen makke. Nei alle gedachten hat der, yn de lettere Boalserter Trekfeart yn Burchwert en wêr't de eardere Himerter Tille siet, ek in ûntwetteringslûs sitten. De wei fan Hartwert troch Burchwert en oer de Hemert bestiet dus al 1000 jier en wie ien fan de earste diken by Burchwert. Trochdat de diken net altiten like goed ûnderholden waarden brutsen se letter geregeldwei troch. Yn 1533 bepaalde de steedhâlder fan Karel V, Georg Schenk fan Toutenburch, dat de omlizzende gemeenten tenei it ûnderhâld dwaan moasten. Hoewol't de ôfspraken yn dit "Grut Arbitrament" fêstlein waarden, soe it noch oant de Alderheljenfloed fan 1570 duorje eardat de diken echt ferbettere waarden.