Dilan Yurdakul (yn Nederlân, 12 septimber 1991) is in Nederlânsk aktrise fan etnysk Turksk komôf.

Dilan Yurdakul
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dilan Yurdakul
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 septimber 1991
berteplak ? (Nederlân)
etnisiteit Turksk
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Yurdakul waard yn 1991 berne yn Nederlân. Se sette útein mei aktearjen by de teätergroep RAST. Letter spile se by Jongerentheater 020 en dêrnei by Likeminds. Se studearre Jeropeeske stúdzjes en Dútske taal- en letterkunde en wurket njonken har aktearkarriêre as fitnessynstruktrise.

Yn 2012 krige Yurdakul yn 'e mande mei aktrise Toprak Yalçiner, dy't krektlyk fan Turksk komôf is, in rol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Dêryn jout Yurdakul stal oan it personaazje Ayşen Baydar, wylst Yalçiner har suster Nuran spilet. Doe't hja harren yn 2012 yn it soapstedsje Meerdijk nei wenjen setten, wie dat foar it earst sûnt 2010 dat der nije leden oan 'e cast tafoege waarden.

Yn 2014 naam Yurdakul as kandidate diel oan it realitytillefyzjeprogramma Celebrity Pole Dancing, op RTL 5. Dêryn waarden ferskate froulike en manlike bekende Nederlanners en Flamingen folge dy't learden hoe't se pealdûnsje moasten. Yurdakul waard yn dizze wedstryd fjirde, efter Kelly Pfaff, Verona van de Leur en winner Vincent Vianen.

Yn 2016 hie Yurdakul in gastroltsje yn The Passion, de jierlikse popularisaasje fan 'e Matthäus Passion. Datselde jiers naam se diel oan 'e kwis De Slimste Mens, fan presintator Philip Freriks, mar dêr foel se al nei twa ôfleverings ôf.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.