Dirk Scheringa (Gryptsjerk, 21 septimber 1950) is in Nederlânsk sakeman, sportbestjoerder en earder-politikus.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Dirk Scheringa

Scheringa is stifter, grutoandielhâlder en bestjoersfoarsitter fan de DSB Bank en eigner en foarsitter fan de proffuotbalklub AZ út Alkmar. Fierder wie hy foar it CDA gemeenteriedslid yn Opmar.

Libbensrin bewurkje seksje

As Fries om utens waard Scheringa berne yn it Grinslanner Gryptsjerk. Yn syn jonge libben gie hy nei de mulo yn Wolvegea. Fierders hat hy de polysje-oplieding yn Apeldoarn dien, hat hy ferskate diploma’s wat jild en ûnroerendguod oanbelanget en hat hy ien jier rjochten studearre yn Utert.

Scheringa begûn syn wurksamme karriêre as wachtmaster by de rykspolysje, mar naam yn 1975 ûntslach om mei syn frou Baukje Scheringa-de Vries Buro Frisia te stiftsjen. Mei dit bedriuw makke Scheringa fan syn leafhawwerij, it jaan fan finansjeel advys oan famylje, freonen en kollega’s, syn wurk. Troch it útwreidzjen fan dit bedriuw en troch it dwaan fan oernames fan konkurrinten groeide Buro Frisia út ta in lanlik aktyf bedriuw ûnder de namme DSB Groep. Begjin 2006 krige de DSB Groep offisjele bankrjochten takent troch de DNB. Sûnt dat stuit is de namme dan ek feroare nei DSB Bank.

Scheringa is fûleindich leafhawwer fan reedride en fuotbal. Wat it fuotbal oanbelanget is Scheringa sûnt 1993 de eigner fan fuotbalklub AZ, hy is dêr sûnt dy tiid ek foarsitter. Ek hat de DSB Bank in eigen maratonreedrydploech en in langebaanreedrydploech, mei de namme DSB-schaatsploeg. Scheringa is ek in keunstleafhawwer en samler. Sa is hy de foaroanman fan it Scheringa Museum foar Realisme yn Spanbroek. It museum jout ûnderdak oan de kolleksje magysk realistyske skilderijen fan ûnder oare Carel Willink dy’t Scheringa byelkoar sammele hat.

Foar it CDA hat Scheringa in flink skoft gemeenteriedslid west fan de gemeente Opmeer.

Yn de Quote 500 fan 2008 stiet Scheringa op plak nûmer 97 mei in rûze fermogen fan €285 miljoen, in fal fan wol 66 plakken yn fergelyk mei it jier dêrfoar. Sels is hy it dêr net mei iens, neffens Scheringa docht syn bedriuw it better as ea dêrfoar.

Yn datselde jier waard Scheringa yn in stimming fan 30.000 studinten oprôpen ta Topman fan it Jier yn de kategory ‘meast ynnovatyf’.

Op 12 oktober 2009 wurdt de DSB Bank ûnder kuratele pleatst troch De Nederlandsche Bank.

Krityk bewurkje seksje

Der is troch de jierren hinne in protte krityk op Scheringa en syn bedriuw west. Krediten foar partikulieren útjûn troch syn bedriuwen dy’t falle ûnder de DSB Groep soen better oanprize wurde dan dat dizzen wier binne. Scheringa seit dat dit net wier is. Ek op de reklames fan syn bedriuwen, wêrûnder dy fan Frisia, Postkrediet, Becam en Lenen.nl, is in protte krityk troch de measte minsken. Yn 2003 en 2004 wûnen reklames fan dizze bedriuwen de Leaden Liuw fan it telefyzjeprogram TROS Radar foar de 'Meast ferfelende TV-reklame'.

Dêrneist hat Scheringa in protte jild ferstjinne oan de ferkeap fan oandielenlieningen-produkten ûnder de namme Hollands Welvaren Select. Minsken dy’t oan de ein fan de jierren njoggentich dit produkt kocht hienen binne hjirtroch bot skaad. Scheringa is yn novimber 2005 troch it Dutch Securities Institút (Nederlânsk Befeiliging Ynstitút) feroardield ta it werombeteljen fan in part fan de skulden dy’t de klanten fan it produkt makke hienen.

Yn 2001 wie Scheringa it ûnderwerp fan it telefyzjeprogram Reporter, fan de KRO. Dizze reportaazje, neamd Kleine letterjes – Het ware gezicht van Dirk Scheringa, liet in kritysk byld sjen fan Scheringa’s bedriuw en sponserbelied.

Scheringa wurdt ek wol de Nederlânsk Roman Abramovitsj neamd, in Russysk miljardêr dy’t him ek ynkocht hat yn in fuotbalklub.

Literatuer bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje