Dirk Jelles Troelstra

(Trochferwiisd fan Dirk Troelstra)

Dirk Jelles Troelstra (Stiens, 16 febrewaris 1870 - Arnhim, 12 maaie 1902) wie in sosjalistysk dichter. Dirk Jelles wie in jongere broer fan Pieter Jelles Troelstra en in soan fan Jelle Troelstra sr, ûntfanger fan de Belestingen en liberaal politikus, en Grietje Landmeter.

Dirk Troelstra

Libben en wurk

bewurkje seksje

Jonge jierren

bewurkje seksje

Dirk ferlear mei ien jier syn mem en waard grutbrocht yn in hûshâlding mei wikseljende tsjinstfammen en in heit dy't syn fertriet net uterje koe en yn syn wurk flechte. As âldste broer moast Pieter Jelles in protte op syn bruorren en susters passe. Hy hat in soad ynfloed op de jonge Durk hân.

Durk gie nei de legere skoalle nei it Gymnasium yn Ljouwert, mar kaam op kantoar by syn heit doe't bliken die dat Durk net sa'n nocht hie oan studearjen. It belestingwurk fûn er ek net folle oan en doe't er net slagge foar it surnumerêreksamen gie er nei Grins om de middebere akte Dútsk te heljen en yn dat ramt bedarre er yn München foardat er it ôfmakke hie.

Yn München rekke er yn de ban fan de ydealen fan it sosjalisme. Doe't syn heit dat fernaam stoppe er syn stipe oan de stúdzje fan Durk. Dy besocht doe om yn Berlyn as sjoernalist oant wurk te kommen. Hy die mei oan it oersetten fan Multatuli syn Vorstenschool (1897) Hy wie earm en syn sûnens hâlde ek net oer, dat yn 1894 kaam er werom, wenne in skoft by syn broer yn Utert, en troude mei Silvie Sidoni de Vries, in ûnderwizeres yn Ljouwert en komponiste, op 2 oktober 1894. Sy krigen ien dochter, Grytsje (Margarita yn de Italjaanske perioade). Hja setten har nei wenjen yn Amersfoart dêr't er agint by de Baanbreker waard

Durk holp mei oan it organisearjen fan in protestgearkomst foar it Algemien Kiesrjocht en skreau mei syn skoansuster Nynke van Hichtum ferhaaltsjes en ferskes foar bern om wat by te fertsjinjen.

Yn 1894 waard er noch slimmer siik nei it út it wetter rêden fan in bern en yn 1896 giene hy en syn frou nei Tiroal om te refalidearjen. Uteinlik hawwe sy dêre in pensjon iepene mei stipe fan Pieter Jelles.

Durk fielde dat er yn koarten stjerre soe en woe dêrom werom nei Nederlân; yn 1901 giene se werom mei de trein. Hy is stoarn yn in Arnhimsk sikehûs en te hôf kaam op Moscowa. De Arnhimske SDAP-ôfdieling hat noch jierrenlang op de Dei fan de Arbeid (1 maaie) striidlieten by syn grêf song.

Al jong hie ek bliken dien dat Durk literêr talint hie. Hy wie in romantikus. Ut Arco yn Tiroal wei stjoerde Durk gedichten op nei it blêd Familieblad van het Volk, guon binne op muzyk set troch Sylvie en binne noch lang song yn de beweging. Teffens skreau er it toanielsik Het schootsveld. Syn sykte woe net oerbetterje. Pieter Jelles hat der foar soarge dat, flak foar Durk syn ferstjerren syn gedichten bondele útjoen waarden ûnder de titel Meigave voor het Nederlandsche Proletariaat (1902 en 1922).

Troelstra syn liet Morgenrood heard ta de klassikers fan it sosjalistysk repertoir. It waard foar deTwadde Wrâldkriich faak song op sosjalistyske gearkomsten en faak ek troch it koar De Stem des Volks op de VARA-radio brocht. De muzyk wie fan Otto Willem de Nobel;

Morgenrood, uw heilig gloeien
Heeft ons steeds den dag gebracht
Breek toch door, o lichtvernieuwer,
In den groten volk'rennacht
Laat uw gloren hope geven
Hun die worst'len in den nacht
Geef hun moed in 't voorwaarts streven
Tot hun 't daglicht tegenlacht
Tot hun 't daglicht tegenlacht
Morgenrood, in worst'lend zwoegen
Hebben zij naar u gesmacht
En in de nachten, treurig duister,
Uw verlossend werk verwacht
Roze gloed kleurt reeds de wolken
D'ochtendwind ruist door de blaân
Weldra is voor alle volken
't Schitterend zonlicht opgegaan
't Schitterend zonlicht opgegaan

Troelstra is ein 1902 ferstoarn yn Arnhim en dêr mei in soad earebetoan fan de kant fan de SDAP begroeven op it begraafplak Moscowa. Noch jierrenlang hat it koar fan de Arnhimske ôfdieling, dat syn namme droech, op 1 maaie by syn grêf de striidlieten songen, dy’t hy skreaun hie en dy’t syn frou op muzyk setten hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: