Dmitri Chvorostovski

Dmitri Aleksandrovitsj Chvorostovski (Russysk: Дми́трий Алекса́ндрович Хворосто́вский, Krasnojarsk, 16 oktober 1962Londen, 22 novimber 2017) wie in russyske operasjonger fan it bariton-type.

Dmitri Chvorostovski
sjonger en/of muzikant
De sjonger yn 2013
De sjonger yn 2013
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dmitri Aleksandrovitsj Hvorostovski
nasjonaliteit Russysk
berne 16 oktober 1962
berteplak Krasnojarsk
stoarn 22 novimber 2017
stjerplak Londen
wurkpaad
sjenre Opera
prizen 1989: Cardiff Singer of the World (1989)

2015: Aleksander Nevski-oarder 2017: Oarder fan "Fertsjinste foar it Heitelân" (4e rang)

offisjele webside
hvorostovsky.com

Jongerein en oplieding

bewurkje seksje

Chvorostovski wie berne yn de stêd Krasnojarsk yn Sibearje yn in tiid dat Krasnojarsk noch foar bûtenlanners ôfsletten wie. As iennichst bern waard er fral troch syn pake en beppe grutbrocht. Syn pake wie in âld-strider fan de Twadde Wrâldkriich en hie lêst fan alkoholisme. Syn heit, in ingenieur, en syn mem, in gynekolooch, hiene it tige drok mei it wurk en wiene fakentiden allinne mar yn it wykein of mei feestdagen thús. Chvorostovski studearre oan de Skoalle fan de Keunsten yn Krasnojarsk en debutearre yn it operagebou fan de stêd yn de rol fan Marullo fan de opera Rigoletto.

Ynternasjonaal wist Chvorostovski troch te brekken yn 1989, doe't er de BBC Cardiff Singer of the World Competition wûn. Yn itselde jier makke er syn debút yn it Westen yn it operagebou fan Nice mei Tsjaikovski's Skoppenfrou (1989). Mei syn debút yn Itaalje debutearre yn it Teatro La Fenice (Feneesje) as Eugene Onegin konsolidearre Chvorostovski syn reputaasje en dêrnei soed er hast yn elts operahûs fan namme optrede.

Syn kreaze ferskining as in lange man mei in karakteristyk gesicht en sulverkleurich hier brocht him in plak yn de list fan de 50 moaiste minksen fan it Amearikaanske tiidskrift People. Ynternasjonaal waard er priizge as operakeunstner en konsertartyst. Chvorostovskis hege, middelswiere lûd hie it typyske floeibere timbre fan russyske baritons.

Yn de maaitiid fan 2003 joech er foar in publyk fan 6.000 minsken op yn it Kremlynpaleis fan Moskou in optreden mei in tal nije arranzjeminten fan lieten út de Twadde Wrâldkriich ûnder de titel "Wêr binne jim myn bruorren?". De foarstelling waard útstjoerd op de russyske tillefyzje en troch 90 miljoen minsken folge. Itselde programma waard op 16 jannewaris 2004 ek mei it symfony-orkest fan Sint-Petersburch foar oerlibbers fan it Belis fan Leningrad nochris werhelle.

Syn lettere repertoire bestie benamme út Verdi's operas, lykas Un ballo in maschera, La traviata en Simon Boccanegra. Yn 2009 trede er mei Sondra Radvanovski yn Il trovatore op yn de Metropolitan Opera.

Chvorostovski troude yn 1989 mei de ballerina Svetlana. Hja adoptearren harren dochter Maria en tegearre krigen se twa bern: Daniel en Aleksandra. Yn 1999 gyngen hja by inoar wei en mei syn twadde frou, de Switserske sopraan Florence Illi, krige er nochris twa bern: Nina en Maksim.

Sûnt 1994 wenne Chvorostovski yn Londen.

Yn juny 2015 makke er bekend dat der by him in harsenstumor ûntdutsen wie en hy liet al syn optredens fan augustus dat jier ôfsizze. Hy soe behannele wurde yn it foar kanker spesjalisearre Royal Marsden Hospital yn Londen. Nettsjinsteande dat stie Hvorostovski yn septimber al wer op de planken as de greve fan Luna yn de Metropolitan Opera yn in rige fan trije foarstellings mei Anna Netrebko as Leonora.

Chvorostovski ferstoar op 22 novimber 2017 oan syn tumor. Yn Moskou waard op 27 novimber in betinkingstsjinst holden. Chvorostovsk waard kremearre en syn jiske waard op it tsjerkhôf fan it Novodevitsji-kleaster begroeven. In diel waard yn Krasnojarsk, it plak dêr't er berne wie, útstruid.

Mei in presidinsjeel dekreet fan 31 maaie 2019 waard de ynternasjonale lofthaven fan Krasnojarsk ferneamd nei de operasjonger.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dmitri Hvorostovsky