Novodevitsji-kleaster

It Novodevitsji-kleaster (Russysk: Новодевичий монастырь), of it Nije kleaster fan de Jongfaam, is in troch muorren, tolve tuorren en twa poarten fortifisearre otterdoks kleaster yn Moskou. It kleaster is ynskreaun yn it wrâlderfgoed-register fan UNESCO.

Novodevitsji-kleaster

Новодевичий монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 43' N 37° 33' E
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier katedraal: 1524-1525
oare gebouwen 17e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang; wrâlderfgoed
monumintnûmer 7710525000 [1]
offisjele webside
Side kleaster

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard yn 1524 gesticht Vasili III om dêrmei de oermastering fan de Smolensk op it Gruthartochdom Litouwen te betinken. De yn 1524 katedraal waard dêrom ek wijd oan de ikoan fan de Mem Gods fan Smolensk. It kleaster oan de rivier de Moskva foarme in wichtich ûnderdiel fan de ring fan kleasters dy't de stêd beskermje moast.

De measte oare gebouwen binne ein 17e iuw delsetten yn opdracht fan regintesse Sofia, healsuster fan Peter de Grutte. Hja waard hjir foar de rest fan har libben opsluten troch Peter neidat hy har ôfsetten hie om sels har plak te nimmen op de troan.

Yn 1812 besochten soldaten fan Napoleon it kleaster op te blazen, mar de nonnen soargen derfoar dat soks mislearre.

 
Alde foto fan it kleaster

It kleaster waard nei de Oktoberrevolúsje sletten en as museum iepene. Ynearsten krige it museum de namme 'Museum fan Prinses Sofia en de Streltsi-opskuor', mar letter waard it omdoopt ta it 'Museum fan de Emansipaasje fan de Frou'. Sûnt 1934 waard it eardere kleaster in ûnderdiel fan it Nasjonaal Histoarysk Museum.

Yn it lêste diel fan de Twadde Wrâldkriich waarden der stadichoan mear tsjerklike aktiviteiten yn it kleaster tastsien. Yn 'e hjerst fan 1943 mochten yn in kleastergebou teologyske kursussen organisearre wurde. Op 14 juny 1944 koe it Teologysk Ynstitút (letter de Teologyske Akadeemje fan Moskou) dêr de doarren iepenje. Likernôch tagelyk waard ek de Transfiguraasjetsjerke (de poartetsjerke) wer iepene foar tsjinsten, letter folge troch de Untsliepenistsjerke. Sûnt 1964 residearre de Metropolyt fan Krûtitsi en Kolomna (de titel fan in patriargale fikaris mei rjochten fan in biskop dy't helpt by it behear fan it bisdom Moskou) yn it kleaster.

Yn 2004 waard it kleaster opnaam op de Wrâlderfgoedlist fan de FN.

Weromjefte bewurkje seksje

Yn 1994 ûnstie der wer in mienskip fan nonnen op it kleasterterrein. Patriarch Aleksi II fersocht yn oktober 2006 om it kleaster wer oer te dragen oan it bisdom Moskou. Der waard útsteld dat de Russysk-Otterdokse Tsjerke it kleaster wer om 'e nocht brûke mocht foar tsjerklike aktiviteiten, mar it patriarchaat hold oan en stjoerde in brief nei Vladimir Pûtin mei it fersyk de gebouwen werom te jaan. Op 5 jannewaris sei premier Pûtin yn bywêzigens fan de Minister fan Kultuer tsjin patriarch Kirill dat de autoriteiten fan doel wiene om it hiele kleaster wer ûnder de jurisdiksje fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke te bringen. Op 22 maart 2010 ûndertekenen in fertsjintwurdiger fan de Steat en patriarch Kirill de oerienkomst, wêrmei't it Novodevitsji-kleaster folslein oerdroegen waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.[2]

Begraafplak bewurkje seksje

Op it begraafplak fan it kleaster lizze in soad ferneamde Russen begroeven. De skriuwer Anton Tsjechov, de komponisten Sergej Prokofjev en Aleksander Skrjabin, de operasjonger Fjodor Sjaljapin en politike lieders lykas premier Nikita Chrûsjtsjov hawwe harren lêste rêstplak hjir krigen.

Tsjerken bewurkje seksje

  • Katedraal van it ikoan fan de Mem Gods fan Smolensk (1524-1525)
  • Ambrosiustsjerke (16e iuw)
  • Untsliepenistsjerke (1685-1687)
  • Tsjerke fan Jehannes de Evangelist (twadde ferdjipping fan de klokketoer; 1683-1690)
  • Tsjerke fan Varlaam en Joasaf (earste ferdjipping fan de klokketoer; 1683-1690)
  • Transfiguraasjetsjerke (Poartetsjerke; 1687-1688)
  • Foarbeatsjerke (Poartetsjerke; 1683-1688)

Ofbylden tsjerken bewurkje seksje

Ofbylden oare gebouwen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Новодевичий монастырь