Doarpsargyf Noardwâlde

(Trochferwiisd fan Doarps Argyf Noardwâlde)

De Stifting Doarpsargyf Noardwâlde (DAN) is de histoaryske feriening fan Noardwâlde dy't op 8 jannewaris 1999 oprjochte waard. Twa kear jiers ferskynt it tydskrift 'De Twiegsnieder'.

DAN hat twa doelstellings:

  • garjen en oarderjen fan histoaryske materialen (foto's, films, akten, kaarten, ferieningsargiven, ensfh.) om sa de skiednis fan Noardwâlde en omkriten sekuerder te dokumintearjen.
  • materiaal tagonklik meitsje foar it grutte publyk.

Aktiviteiten

bewurkje seksje
  • Sneupersdei: twa kear yn it jier kinne bygelyks fotoboeken en histoaryske kaarten en nije oanwinsten yn it Kompanjonshûs oanbean wurde.
  • Skiednis fan Noardwâlde, alle jierren in koarte kursus oer de lokale skiednis.
  • Publikaasjes, fan it DAN-materiaal om de kennis fan de skiednis fan Noardwâlde te fergrutsjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: