Kompanjonshûs
It Kompanjonshûs is it hûs fan de eardere ferfeanters yn oan de Dr. Mulderstrjitte yn Noardwâlde. It is it âldste noch bewenne wenhûs fan Noardwâlde. Oant yn de 17e en 18e iuw leinen yn de omkriten fan Noardwâlde grutte heechfeangebieten. Se leinen op de grins fan Fryslân mei Oerisel en Drinte.
Yn 1614 wurdt foar it earst in feankompanjy neamd dy't yn de omkriten fan Steggerda op lytse skeal it heechfean planmjittich ôfgroef. Dy feankompanjy, dy't om 1610 oprjochte wêze moat, droech de namme Compagnie van Steggerdasloot.
In twadde kompanjy fan de hearen Lourens fan Wijlandt, Dyckmans en Staekenbroeck krige yn 1642 tastimming om in feart te graven fan de feanen by Finkegea en Noardwâlde nei de Linde. Oan dy Noordwoldiger vaart blykt yn 1644 op it stee fan it hjoeddeiske kompanjonshûs al in hûs te stean. Dêrnei ûntstiet oan beide kanten fan de Noardwâlder Feart op de krusing mei de Hearenwei it hjoeddeiske doarp Noardwâlde.
Yn it Kompanjonshûs hong dus yn 1645 de feankaart fan it doarp mei de feanperselen wêrfan in kopy inkele jierren ferlyn oan it Doarps Argyf Noardwâlde (DAN), skonken waard troch Karst van Wijlandt, in neisiet fan de graver fan de Noardwoldiger Feart. Neffens Looijenga is it hjoeddeiske Kompanjonshûs, dat as kantoar foar de Kompanjy brûkt waard, grif boud yn 1681. It gebou wie gearkomstromte foar de kompanjons, mar de hearen koenen der ek sliepe. Der wurken yn it gebou in tal administrateurs om de ynkomsten by te hâlden.
Nei 1650 wurdt sprutsen oer de Eastkompanjy, Westkompanjy en Súdkompanjy. Dy wurde byelkoar brocht, en ein 18e iuw is it hast dien mei de turfgraverij. Yn dy tiid wurdt fan Noardwâlde sein dat it doarp yn grut ferfal rekke is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|