Doarpstsjerke (Huzum)
De Doarpstsjerke is in tsjerke yn Huzum (Ljouwert) yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe tsjerke wie earst wijd oan Jehannes de Doper. Hy stamt út de 12e iuw en hat in pleistert midskip. Yn de sealdaktoer út de 13e iuw hingje twa klokken. De klok út 1529 waard getten troch Geart fan Wou II. It jiertalanker 1655 jout in jier fan restauraasje oan. De tsjerke is in ryksmonumint.
It ynterieur is dekt troch in houten tonneferwulf. De trije hearebanken en de preekstoel datearje út de 17e iuw en it oargel út 1849 is makke troch Van Dam.
-
Ynterieur mei preekstoel en hearebanken
-
Hearebank
-
Ornamint ferwulft
De tsjerke waard yn 2013 eigendom fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Fan 2014 ôf wurdt troch de pleatslike kommisje it Kultureel Poadium Doarpstsjerke Huzum organisearre.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|