Doederus de Vries

Doederus de Vries (Dokkum, 29 juny 1833 - dêre 16 jannewaris 1910) wie wynhanneler en boargemaster fan Dokkum fan 1867 oant 1909.

Hy wie in soan fan Frederik de Vries en Saapke Posthumus; boaske mei Grietje Helder (Ealsum, 1835) op 6 novimber 1856 yn Eastdongeradiel. It pear krige acht bern. Hy wenne oan de Vleesmarkt D33 yn it hûs dat no De Zijl 3 is.

Hy wie ien fan de earste leden fan de Fryske Krite en siet yn it earste bestjoer fan de 'Fryske Krite Dockum' dy't 1903 oprjochte waard. Yn 1904 waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwsblad van Friesland d.d. 3 septimber 1904: Besluiten, benoemingen, enz.