Dokkumer Vlaggen Centrale

De Dokkumer Vlaggen Centrale, ôfkoarte as DVC, is in bedriuw yn Dokkum dat flaggen en oare tindoeken makket. Fierwei de measte omset wurdt helle út logoflaggen foar bedriuwen.

De DVC stammet út 1936. Doe kaam de famylje Demes op it idee om wuifflachjes te meitsjen foar it houlik fan prinses Juliana mei har ferloofde Bernhard. Oant yn de jierren sechtich makke DVC allinnich nasjonale flaggen. Letter waard it útwreide ta alle nasjonale flaggen. Dat binne mear as 200. Ambassades fan Nederlân nimme dêrby geregeld flaggen of. Jierliks makket it bedriuw 100.000 Nederlânske trijekleuren. De omset is bot relatearrre oan barrens om it keningshûs en benammen it fuotbaljen fan EK's en WK's hinne. Nederlân heart ta de fiif grutste flaggekeapers. Under de namme 'Flag and Sign' hat de DVC ek showrooms yn Amsterdam, Rotterdam en Utert. De Dokkumer Vlaggencentrale is yn 2004 winner wurden fan de ferkiezing Fryske ûndernimming fan it jier. DVC hearde yn 2008 ta de 50 'Best Managed Companies' selektearre troch Deloitte.

Neist flaggen levert it bedriuw ek oare bedrukte stoffen as banieren, spandoeken, findels. Ek grutte formaten as steigerdoeken, middensirkel-, poadium- en framedoeken. Doek wurdt ek brûkt foar beweiwizering en oanprizings yn supermerken, op stasjons en bedriuwsterreinen, mar ek musea, flachjes op konferinsjetafels, start- en finishdoeken by sportwedstriden. Sa waard foar Univé as sponsor fan SK It Hearrenfean in enoarm fuotbalshirt makke. De mooglikheden binne tige tanomd troch de nije digitale techniken. Flaggen fan lannen en provinsjes kinne ek hierd wurde. Ek kinne klanten sels in flagge ûntwerpe en meitsje litte. It bedriuw hat in spesjaal team dat flaggemêsten del set.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: