Dumbo (film út 1941)
Dumbo (Nederlânske titel: Dombo) is in Amerikaanske tekenfilm fan Walt Disney. De film waard útbrocht op 23 oktober 1941 en is de fjirde fan Disney syn klassike animaasjefilms. De film is basearre op it berneboek mei deselde namme fan Helen Aberson en Harold Pearl. De film duorret ûngefear 64 minuten.
De film waard benammen makke om te besykjen de teloarstellende opbringst fan de eardere film, Fantasia, goed te meitsjen. De film waard makke mei in lyts budzjet, en is relatyf koart foar in Disneyfilm. De film waard likegoed sjoen as ien fan Disney syn hichtepunten.
Rolferdieling
bewurkje seksje- Edward Brophy as Timothy Q. Mouse
- Verna Felton as Mrs. Jumbo en Elephant Matriarch
- Herman Bing as The Ringmaster
- Margaret Wright as Casey Junior
- Sterling Holloway as Mr. Stork
- Cliff Edwards as Jim Crow
- Hall Johnson Choir as Crow Chorus
- Noreen Gammill as Elephant Catty
- Dorothy Scott as Elephant Giddy
- Sarah Selby as Elephant Prissy
- Malcolm Hutton as Skinny
- John McLeish as de ferteller
Nûmers
bewurkje seksje- "Look Out for Mr. Stork"
- "Casey, Jr."
- "Song of the Roustabouts"
- "Baby Mine"
- "The Clown Song"
- "Pink Elephants on Parade"
- "When I See An Elephant Fly"
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeYn 1942 wûn Dumbo de Academy Award foar bêste muzyk, en waard nominearre foar in Academy Award yn de kategory bêste orizjinele liet.
Yn 1947 wûn de film op it filmfestival fan Cannes in priis foar bêste animaasjefilm.