Domonique Simone, echte namme: Deirdre Morrow (Valdosta (Georgia), 18 juny 1971), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har namme oft gauris misstavere wurdt as Dominique Simone, en dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Domonique, Dominique, Dominique Seymour en Coco.

Domonique Simone
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Domonique, Dominique,
Dominique Simone, Coco,
Dominique Seymour
echte namme Deirdre Morrow
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 juny 1971
berteplak Valdosta (Georgia)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 19902000 & 2003 & 2008
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Domonique Simone waard berne yn it plakje Valdosta, yn 'e steat Georgia. Yn 1988, doe't se santjin jier wie, wist se in stúdzjebeurs te bemachtigjen foar in oplieding oan it Fashion Institute of Design and Merchandising. Dêrfoar ferfear se nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, mar de beurs wie gjin fetpot en om wat by te fertsjinjen, begûn se yn 1989, doe't se mearderjierrich wurden wie, mei neaken te posearjen, yn 't earstoan op keunstskoallen, mar letter ek foar neakenblêden lykas Hustler en Players.

Yn 1990 makke se har debút yn in pornografyske film en úteinlik soe se, neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), yn hast 300 pornofilms spylje. Yn 'e njoggentiger jierren wie se ien fan 'e populêrste swarte pornoaktrises, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar wrâldwiid, wat benammen te krijen hie mei har fergrutte boarsten fan kup 36DD. Ek har noas, wangen en oare parten fan har gesicht hie se, nei't it skynt, mei plastyske sjirurzjy oanpasse litten. Yn 2000 joech se har aktearkarriêre deroan, al bleau se efter de skermen noch wol wurksum yn 'e pornoyndustry. Neitiid kearde se noch in pear kear werom as aktrise, yn Extreme Fetish Flicks: Animal Instincts, út 2003, en When MILFs Attack (II), út 2008. Dêrby die bliken dat se ek yn har stuten ymplantaten oanbringe litten hie.

Njonken har wurk yn 'e pornoyndustry hat Simone ek meispile yn fideoklips fan rappers as Snoop Dogg, Montell Jordan en Brian McKnight. Yn 2006 hie se har hielendal út 'e pornoyndustry weromlutsen en wurk fûn by in bank, dêr't lienoanfragen beoardiele. Yn 2007 waard hja as fjirde swarte frou ynhuldige yn 'e AVN Hall of Fame. Simone hat twa bern en wennet yn it Kalifornyske Sherman Oaks, krekt bûten Los Angeles.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.